Dom fan Mainz

Mainzer Dom
Lokaasje
lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
plak Mainz
adres Domplatz
koördinaten 49° 59' N 8° 16' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Mainz
aartsbisdom Side bisdom Mainz
patroanhillige Martinus fan Tours
Arsjitektuer
boujier 975-1009
boustyl Romaanske arsjitektuer (en oare stilen)
Webside
Side bisdom
Kaart
Dom fan Mainz (Rynlân-Palts)
Dom fan Mainz

De Dom fan Mainz (Dútsk: Dom St. Martin) is de oan Sint-Martinus wijde katedraal fan it bisdom Mainz. De katedraal stiet yn it histoaryske sintrum fan Mainz en is boud fan reade sânstien.

Tegearre mei de domtsjerken fan Speyer en Worms foarmet de Mainzer dom ien fan 'e saneamde Kaiserdome, keizerlike domtsjerken, dy't lykwols net alle trije stifte binne troch in keizer. Oan 'e dom is keizer Hindrik IV ferbûn, dy't net de stifter wie, mar de domtsjerke nei de grutte brân fan 'e dei dat de earste dom wijd wurde soe werbouwe liet. Oan 'e domtsjerke waard yn 'e rin fan de tiid in soad ferboud en oanboud, sadat de dom meardere boustilen fertsjintwurdiget.

Plattegrûn

Aartsbiskop Willigis lei yn it jier 975 de earste stien foar de nije Mainzer katedraal. Willigis wie ek aartskânsler fan it Hillige Roomske ryk en as machtichstse man yn 'e Tsjerke nei de paus boude Willigis in ymponearjende tsjerke. Mainz hie genôch parochytsjerken, mar it plan foar de nije tsjerke moast fral bydrage oan it oansjen fan Mainz as it twadde Rome.

Op 'e dei fan ynwijing yn 1009 ûntstie der lykwols brân en it duorre noch oant 1036 dat de fernijde tsjerke brûkt wurde koe. Fanwegen de brân waard Willigis nei syn ferstjerren yn 1011 net yn de dom begroeven, mar yn de Stefanustsjerke. Ut deselde tiid fan de romaanske pylderbasilyk datearje de brûnzen doarren fan it Merkportaal, dy't oarspronklik út de oanbuorjende Maria ad Gradustsjerke stamme.

Fan grutte betsjutting foar de bouskiednis fan de Mainzer Dom wie keizer Hindrik IV, dy't nei de grutte brân fan 1081 opdracht joech ta in weropbou fan de tsjerke yn foarmen dy't troch de Lombardyske styl beynfloede binne. Wat earder hie Hindrik IV ek de domtsjerke fan Speyer ferbouwe litten en yn dy fan Mainz binne eleminten yntrodusearre, dy't earder yn Speyer tapast wiene. Ek ferfongen Hindrik's boumasters de eastlike, nei alle gedachten fjouwerkante toer fan de âlde dom troch in achthoekige koepel, dy't yn 'e rin fan de tiid noch ferskillende kearen feroare waard. De tsjintwurdige foarmen fan dy toer binne neffens de ideeën fan Pierre Cuypers yn 1875 ûntstien.

Sint-Godeharduskapel, Mainz

Nei de foltôging fan it eastlike diel fan de dom waard fierder boud oan it ferfangen fan it âlde skip fan de Willigis-dom troch it hjoeddeiske skip. Utsein de fûneminten, dy't wer brûkt waarden, fûn der stap foar stap nijbou plak. Yn 'e selde snoarje waard fuort njonken de domtsjerke de Sint-Godeharduskapel (Kapelle Sankt Gotthard) boud, dy't oarspronklik oan it doetiidske paleis fan aartsbiskop Adalbert I fan Saarbrücken (1110-1137) boud waard. Oars as it eastlike koer, dat fan heechweardige sânstien boud waard, waard fierder wurke mei it kwalitatyf mindere Muschelkalk. Yn 1159 kaam der ynearsten in ein oan 'e bou, doe't by in opstân tsjin aartsbiskop Arnold de Mainzer ynwenners de dom fernielden, mar tusken 1190 en 1200 waard it wurk oan 'e ferwulften foltôge. It iergoatyske krúsribferwulft fan it middenskip wie hielendal nij en de romaanske krúsferwulften fan de sydskippen waarden renovearre. Mei de bou fan goatyske sydkapellen sûnt 1279 yn it noarden en suden oant it skip koene ek de lêste resten fan de bûtenmuorren fan de âlde Willigis-dom ôfbrutsen wurde.

Loftôfbyld fan de domtsjerke

Earne yn dy lêste faze waard besletten ek it westlike diel fan de Willigis-dom te ferfangen troch nijbou, dy't tusken 1200 en 1239 fral yn letromaanske foarmen plakfûn. Yn dy tiid makke de gotyk yn Frankryk al opgong, mar wat by de earste iergoatyske tsjerken fan Frankryk doe noch ûntbriek wie it goatyske polygonale grûnplan dat it westlike koer fan de Mainzer dom krige. De boumaster fan it westlike koer hat de âlde fûneminten fan it westlike diele hielendal ferwiderje litten, sadat in rekonstruksje fan dy âlde bou op dit plak net mear mooglik is.

Dêrnei waard it nije dwersskip boud, dat fanwegen de ynbou fan ferwulften sawol nei it noarden as it suden koarter waard as dat fan de foargonger. De muorren waarden dikker as de muorren fan de foargonger en krige grutte steunbearen. De krusing waard bekroand mei in grutte achthoekige koepel, dy't yn de rin fan de tiid ferskillende kearen ferboud waard. Yn de romaanske tiid wie dy krusingstoer in stik leger as hjoeddedei. Allinne de ûnderste dielen mei de rûnbôgen datearje noch út de tiid. Yn de 15e iuw krige de toer in goatyske ferheging mei in hegere spits, dy't lykwols yn 1767 ôfbaarnde. Sûnt hat de toer de stiennen opset. Nei de foltôging fan it wurk waard de tsjerke op 4 july 1239 troch aartsbiskop Siegfried III fan Eppstein ynwijd. Dy datum jildt oant hjoeddedei as it offisjele wijfeest fan de dom.

De tsjintwurdich om it westlike koer boude sakristy waard healwei de 13e iuw boud en dêrnei ferskillende kearen útwreide.

Goatyske ferbou

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
"Bassenheimer Reiter", ûnderdiel fan it goatyske doksaal, tsjintwurdich yn 'e parochytsjerke fan Bassenheim

Mei de bou fan it letromaanske westlike diel fan 'e dom waard troch de master fan Naumberg in goatysk doksaal boud. It doksaal wie fersierd mei in foarstelling fan it Lêste Oardiel. Yn 1682 waard it doksaal ôfbrutsen en guon keunstwurken dêrfan wurde tsjintwurdich bewarre yn it Dommuseum. In oar keunstwurk, de Bassenheimer Reiter, is tsjintwurdich yn de parochytsjerke fan Bassenheim te finen.

Sûnt 1279 waarden oan de sydskippen fan de domtsjerke stadichoan de goatyske sydkapellen mei grutte maaswurkfinsters oanboud.

Goatyske kleastergong

Aartsbiskop Johan II fan Nassau liet nei 1418 foar it eastlike koer (ûnder it twadde travee fan it middenskip fanút it easten) in grêfkapel bouwe. Allinne it ûnderierdske diel dêrfan bestiet noch. Oant yn de 14e iuw krige de dom fan bûten in jimmeroan mear goatysk oansjen: fan 1390 oant 1410 waard de twa ferdjippings tellende kleastergong boud. Oant 1482 waarden de eastlike en westlike krusingstuorren yn goatyske styl ophege en bekroand mei goatyske spitsen. De steile spits fan de eastlike toer moast al yn 1579 ferfongen wurde troch in legere achtsidige spits. Fanwegen it ûnbidige gewicht fan de eastlike klokkestoel moast yn it eastlike koer nei 1430 in goatyske steunbear boud wurde, dy't pas mei de ôfbraak fan de klokkeferdjipping yn 1871 ferwidere wurde koe. Ek de treptuorkes en sels de Godeharduskapel krigen goatyske tuorkes of dakruterkes. Nei de goatyske ferbouwings feroare oant 1767 net in hiel soad mear oan de domtsjerke. Allinne de ynrjochting waard noch oanpast.

Op 22 maaie 1767 waard de domtsjerke troch bliksemynslach troffen. It dak en de grutte krusingstoer baarnde ôf, dy't troch Franz Ignaz Michael Neumann dêrnei ferfongen waard mei de stiennen spits dy't ek tsjintwurdich noch it oansjen fan de domtsjerke bepaalt. Om de domtsjerke brânfeilich te meitsjen joech Neumann it westlike gebou stiennen daken en ek de westlike flanktuorren liet er op 'e nij bouwe. Syn wurk waard yn barokke foarmen útfierd, mar hy yntegrearre dêrby ek al oan de dom oanwêzige romaanske en letgoatyske styleleminten.

Fierder waarden de goatyske gevels fan de sydkapellen feroare. De fialen waarden ferfongen troch urnen en ek de tsjintwurdige hoanne fan de westlike toer datearret fan dy tiid. It ynterieur fan de domtsjerke waard yn 1758 wytkalke en de finsters krigen kleurleaze ramen.

De ruïne fan de Maria ad Gradus-tsjerke foar de ôfbraak

De sekularisaasje en de ûndergong fan it âlde karfoarstedom gyng foar de dom ek net sûnder gefolgen foarby. By it besjitten fan de stêd troch Prusen yn 1793 waard de dom swier skeind. Fral it easten fan de dom en de kleastergong hiene slim te lijen. Ek de eastlik oanbuorjende Leaffrouwetsjerke Maria ad Gradus rekke slim skeind. Alhoewol't it net nedich wie, waard de Maria ad Gradus yn 1803 ôfbrutsen. De Frânsen plonderen de dom en waard brûkt troch militêren; der wie sels praat om de domtsjerke mar ôf te brekken, mar it slagge biskop Joseph Ludwig Colmar om dy plannen mei help fan Napoleon Bonaparte te kearen. Ynstee dêrfan sette in restauraasje yn, dy't yn 1813 troch it Grande Armée ûnderbrutsen waard, doe't de dom feroare yn in bargestâl en in lazaret foar de oan tyfus lijende soldaten. It grutste part oan wat der nei 1803 noch oer wie oan houten meubilêr waard yn dy tiid brûkt as branje.

De Dom mei de koepel fan Moller yn 1868, dy't spytgnyskjend ek it "aai fan Moller" neamd waard

Sûnt novimber 1814 waard de dom wer as tsjerke brûkt en dêrnei folge de bou fan de daken en de ferneatige eastlike krusingstoer troch Georg Moller. Dy sette op de âlde goatyske klokkestoel in spitsbôgige smei-izeren koepel. Dy koepel waard yn 1870 wer ôfbrutsen om 't oannommen waard dat dy de oarsaak wie fan skuorren yn it muorrewurk, mar ek om't der in soad krityk op it ûntwerp bestie. Yn 1875 ferfong Pierre Cuypers dy troch de tsjintwurdige neoromaanske krusingstoer.

De toer fan Cuypers

Mei it wurk fan Cuypers kaam der in ein oan de lange eastlike boufaze. De ôfbraak fan de swiere goatyske klokkeferdjipping makke it mooglik om de âlde goatyske steunbear yn de tsjerke ôf te brekken. Ek waard de krypte ûnder it eastlike koer wer oanlein. Keunstners fan de Nazarener Skoalle beskilderen it ynterieur fan de tsjerke tusken 1859 en 1864. Fan dat wurk binne allinne de nijtestamintyske foarstellings yn de muorrebôgen fan it middenskip bewarre bleaun.

De 20e iuw stie fral yn it ramt om it gebou te restaurearjen en te behâlden. Yn 'e Twadde Wrâldkriich hie Mainz ûnder grutte loftoanfallen te lijen. De domtsjerke waard yn augustus 1942 ferskillende kearen troffen. De boppeferdjippings fan 'e kleastergong waard ferneatige en de measte daken fan de dom baarnden ôf, mar de ferwulften holden it. Mear skea ûntstie by oanfallen op 8 septimber 1944 en 27 febrewaris 1945. Oant de jierren 1970 waard der oan de Mainzer dom wurke om de kriichskea te ferhelpen.

Nei de foltôging fan de restauraasje waard yn 1975 it 1000-jierrich jubileum fan de earstestienlizzing foar de dom fierd. Yn 2009 folge noch in 1000-jierrich jubileum yn it ramt dat de foltôging fan de earste dom yn 1009 plakfûn.

Brûnzen doarren fan it Merkportaal

Oant de dei fan hjoed bleaune de grutte brûnzen doarren bewarre, dy't yn opdracht fan Willigis troch de master makke binne. Yn 1135 liet aartsbiskop Adalbert I fan Saarbrücken yn de boppeste helte de troch him ferliende stedsprivileezjes yngravearje. Oarspronklik sieten de doarren yn de oanbuorjende Leaffrouwetsjerke (Maria ad Gradus). Nei de sloop fan de dy tsjerke ferhûzen de doarren nei de domtsjerke, dêr't hja yn it Merkeportaal hongen waarden. Oer de rest fan de ynrjochting fan de Willigis-dom is net in soad bekend. Om't de tsjerke al by de ynwijing yn 'e brân fleach hat dy nei alle gedachten nea in rike ynrjochting hân.

Troch de ferbouwings en feroarings yn de rin fan de tiid binne hjoeddedei, ôfsjoen fan boueleminten en in pear grêven, gjin romaanske saken bewarre bleaun. In útsûndering lykwols is it Udenheimder krús, dat net ta de oarspronklike ynrjochting fan de tsjerke heart, mar yn 1962 oankocht waard fan de tsjerke fan Udenheim. De krekte datearing fan it krús is ûnwis. Rûsd wurdt dat it tusken de 9e iuw en 1140 ûnstien is.

Goatyske bylden fan it Marije-alter

Yn de sûnt 1278 oanboude sydkapellen waarden goatyske alters ynboud, dy't yn de barokke tiid ferfongen waarden. Fan de goatyske alters steane de ier 16e-iuwske bylden fan it Marije-alter (Marije, Martinus en Bonifatius) yn in 19e iuwsk alter. Ut de letgoatyske tiid datearret ek de grutte preekstoel yn it middenskip, dy't lykwols yn 1834 sa fernijd is, dat allinne fragminten fan de oarspronklike preekstoel noch orizjineel binne. Oare goatyske ynrjochting stie eartiids yn de Leaffrouwetsjerke. Dêrûnder ek it grutte doopfont yn it noardlike transept út 1328. Eartiids waard yn de dom sels net doopt.

Ut it oergongstiidrek fan 'e lette gotyk nei de renêssânse stamt de foarstelling fan de grêflizzing fan de saneamde master Adalbert. Fan it westlike doksaal binne fragminten oerbleaun, dy't foar it measte yn it dommuseum bewarre wurde.

Alter fan Nassau

Yn 1631 waard de stêd troch Sweedske troepen beset, dy't de domtsjerke foar in part plonderen. Yn de musea fan Uppsala is hjoeddedei noch rôfkeunst te besjen fan de eardere Mainzer domskat. Trije troch Sweedske soldaten stellen alters waarden yn 1631 of 1632 mei in skip nei Sweden ferstjoerd mar binne mei in soad oare rôfkeunst troch skipbreuk ferlern gien.

Nei de Tritichjierrige Kriich makke Mainz in bloeitiid mei en ferfongen barokke alters de goatyske. Fan de barok bleau it Nassauer alter fan 1601 bewarre, dat yn it noardlike dwersskip stiet. Yn 1602 waard de boppeferdjipping fan de Nassauer Kapel, dy't midden yn it middenskip fan de dom stie, ôfbrutsen. De ûnderferdjipping fan de kapel bleau oan de dei fan hjoed bewarre. Tusken de noardlike en súdlike krusingspylders waarden yn 1687 barokke galerijen boud, dêr't musisi glâns oan de misse joegen. Letter waard dêr in oargel opsteld.

Koerstuolte

It grutste keunstwurk wurdt foarme troch de rokoko koerbanken fan it westlike koer, dy't tysken 1760 en 1765 troch Franz Anton Hermann boud waarden. It koerstuolte fan it eastlike koer is folle ienfâldiger útfierd en datearret út de yn de Frânske tiid ôfbrutsen Mainzer slottsjerke Sint-Gangolf.

Yn de 19e iuw gyng al it omtinken nei it gebou. Oan ynrjochting waard der útsein grêfmonuminten foar de biskoppen yn dy tiid hast neat tafoege. Allinne it alter foar de bylden fan it Marije-alter binne is it neamen wurdich. Yn de 20e iuw is benammen it grutte brûnzen krús yn de westlike krusing it neamen wurdich, dat yn it ramt fan it 1000-jierrich bestean fan de dom makke waard. De Skryn fan de Mainzer Hilligen (Schrein der Mainzer Heiligen) yn de eastlike krypte fan de dom waard yn 1960 tafoege.

Wichtich foar de skiednis fan de dom binne it grutte tal grêfmonuminten foar de biskoppen, dy't alle tiidrekken fertsjintwurdigje. De grêfmonuminten binne oan de pylders en muorren fan de tsjerke en kleastergong oanbrocht en fertsjintwurdigje de 11e oant 20e iuw. Sûnt 1928 wurde de biskoppen yn de nije krypte ûnder it westlike koer begroeven. Fan de 84 nei Bonifatius regearende biskoppen en aartsbiskoppen binne 45 yn de domtsjerke byset.

Kroaningstsjerke

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e rin fan de midsiuwen hawwe yn Mainz ferskillende kroanings plakfûn. Yn de dom waarden de folgjende persoanen kroand:

  • Agnes fan Poitou 1043 troch aartsbiskop Bardo;
  • Rudolf fan Rheinfelden (ek: Rudolf fan Swaben) as tsjinkening fan Hindrik IV op 26 maart of 7 april 1077 troch Siegfried I fan Mainz;
  • Mathilde, de letter frou fan Hindrik V, op 25 july 1110 troch de Keulske aartsbiskop Freark I fan Schwarzenburg;
  • Filips fan Swaben op 8 septimber 1198 troch Aimo fan Tarentaise;
  • Freark II op 9 desimber 1212 troch Siegfried II fan Eppstein.

De kroanings fan Hindrik II (6 juny 1002) troch aartsbikop Willigis en Koenraad II (8 septimber 1024) fûnen nei alle gedachten yn 'e âlde dom, de Johannestsjerke, plak.

It dommuseum is ûnderbrocht yn 'e romten fan de stiftsgebouwen dêr't earder de domhearen wennen. Ta de hichtepunten fan it museum heart de samling fan iergoatyske byldhoukeunst en de skatkeamer fan de dom.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Einzelnachweise, op dizze side.