Dormitio-abdij

Dormitio-abdij

כנסיית הדורמיציון

bouwurk
lokaasje
lân Israel
plak Jeruzalim
bysûnderheden
type bouwurk Kleaster
boujier 1900-1910
arsjitekt Heinrich Renard
offisjele webside
Side fan de abdij

De Dormitio-abdij is in Dútsktalige abdij op de berch Sion yn Jeruzalim. De namme fan de benediktynske abdij is ôflaat fan de ûntliepenis fan Marije. De abdijtsjerke is de Dormitio-basilyk.

Skiednis fan de bou

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't keizer Wilhelm II yn it ramt fan de ynwijing fan de Ferlossertsjerke nei Jeruzalim reizge, kocht er fan sultan Abdülhamid II in stik grûn op de berch Sion en droech dat oer oan de katolike Deutscher Verein vom Heiligen Lande (Dútske feriening fan it Hillige Lân). Neffens de tradysje soe Marije nei de dea fan Jezus op de berch Sion wenne ha en tichteby de Seal fan it Nachtmiel yn 'e ivige sliep fallen wêze (Dormitio is Latynsk foar ûntsliepenis).

It kleaster yn 1910

Al yn 1899 reizge de arsjitekt Heinrich Renard (1868–1928), de boumaster foar it bisdom Keulen, nei Jeruzalim. Hy die earst ûndersyk op it terrein en fûn resten fan de byzantynske Hagia Sion en noch mear tsjerken. De boulieding waard yn hannen lein fan de arsjitekt Theodor Sandel. Op 7 oktober 1900 waard de earste stien fan de abdij en basilyk lein. Yn mar tsien jier tiid waard de bou oan sawol de tsjerke as de abdij foltôge. De wijing fan de basilyk wie op 10 april 1910 troch de latynske patriarch. De tsjerke en kleastergebouwen binne noch jimmeroan yn it besit fan de feriening, dy't ek foar it ûnderhâld noed stiet.

Ut de aartsabdij Beuron wei waarden yn 1906 de earste muontsen nei Jeruzalim stjoerd. Fan 1918 oant 1921, nei de Earste Wrâldkriich, waarden de muontsen foar it earst yn harren skiednis op Sion ynternearre. Paus Pius XI joech it kleaster op 15 augustus 1926 in selsstannige posysje yn de Beuroner kongregaasje. Yn de jierren 1939-1945 folge in twadde ynternearring fan de Dútske muontsen en doe't de Unôfhinklikheidskriich fan Israel útbriek waarden de muontsen foar in tredde kear ynternearre. De abdij lei yn it troch Israel kontrolearre gebiet op de berch Sion foar it troch Jordaanje kontrolearre gebiet yn de ommuorre stêd oer.

Yn 1951 waard de abdij fan de Beuroner kongregaasje ôfsplitst en ûnder it direkte bestjoer fan de Abt Primaat fan de Benediktynske Oarder set. Doe't yn 1967 de Seisdeiske Kriich útbriek lei de abdij op 'e nij tusken de stridende partijen. Yn 1979 keas de mienskip foar it earst harren eigen abt: de prior fan Chevetogne út Belgje, Nicolas Egender.

De abdij wie mei oare kristlike lokaasjes in pear kear it doel fan ferielings troch ektremistyske joaden as wraak foar it ûntmanteljen fan de illegale delsetting Havat Ma'on. Yn oktober 2012 en maaie en juny 2013 waard de abdij bekladze mei anty-kristlike gjalpen en misledigings yn it Hebriuwsk. Kristenen waarden mei apen ferlikene en der waard oproppen foar wraak tsjin Jezus. Twa auto's waarden mei graffity bekalke en alle bannen stikken snien. Ek op ien fan de poarten fan it tichteby lizzende gryksk-otterdokske tsjerkhôf waarden teksten achterlitten.

Op 26 maaie 2014 waard in doas mei houten krusen yn it kleaster yn brân stuten. Op itselde stuit liedde paus Fransiskus in tsjinst yn it gebou dêrnjonken yn de boppeseal fan it grêf fan kening David. Der wurdt tocht dat it in mislearre besykjen wie om brân te stiftsjen.

It slagge in nasjonalistyske joad yn desimber 2014 oer in hek te klimmen, in krúsbyld, in bank en in tal bylden op it tsjerkhôf te skeinen.

Yn jannewaris 2016 skreaune fandalen gjalpen op de muorren fan de abdij lykas "Dea oan de heidenske kristenen de fijannen fan Israel" en "Dat syn namme (Jezus) útwiske wurde mei".[1] [2][3][4][5]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Dormitio-Abtei