Drouwen

Drouwen
Doarpsicht Drouwen
Doarpsicht Drouwen
Bestjoer
Lân Nederlân
provinsje Drinte
gemeente Borger-Odoorn
Sifers
Ynwennertal 565 (1 jannewaris 2021[1]
Oerflak 73 km²
Befolkingsticht. 7,7 /km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 57' 8" NB, 6° 47' 47" EL
Hunebêd by Drouwen
Hunebêd by Drouwen
Kaart
Drouwen (Drinte)
Drouwen

Drouwen is in iesdoarp op de Hûnsrich yn de gemeente Borger-Odoorn yn Drinte.

Oant 1998 hearde Drouwen by de doetiidske gemeente Borger, dy't doe opgie yn de gemeente Borger-Odoorn. It doarp leit tusken Borger (suden) en Gasselte (noarden). Bewesten leit it bosk Drouwenerveld mei brântoer, heidereservaat en de dobben Smitsveen, Meeuwenveen, Watermolenveen, Lunsveen en Meindersveen. Benoarden Drouwen leit it Drouwenersân, dêr't de eastlike helte fan in grutte heideflakte mei sânferstowing is; de westlike in boskgebiet mei kafee-restaurant en bungalowpark. Fjild en sân yn it gebiet om it doarp hinne lûke in soad toeristen oan.

Yn 1381-83 waard sprutsen fan Druwen in den kerspel to Borgheren. De namme betsjut: op of by de druw (ikker- of boulân; druwen = bebouwe). Ek boarnen út 1463 en 1482 neame Druwen, ien út 1609 jout Drouwen. Besibbe mei de manljusnamme Drouwe, Druwe en Dru wurdt nei alle gedachten net as werkikheid achte.

De hunebêden D 19 en 20 wienen de earste dy't mei moderne archeologyske techniken ûndersocht waarden yn 1912 ûnder lieding fan J.H. Holwerda. Drouwen wie ien fan de njoggen marke- en feangenoaten betreffende it Konvenant fan 1817 mei de stêd Grins oer de turfôffier oer it Stadskanaal. Yn de Drouwenerfeanen begûn de ôffier yn 1822. Yn de tiid fan de ôfskieding skate Drouwen him tsjerklik ôf fan Borger. It wie eartiids in tige earm doarp: De moezen ligt er dood veur de spinde (breakast) en die er nog bint, die staot bokkie um 't katoen oet de laamp te vreten... Skelnammen foar de ynwenners: Bontrokken, Poepen, Dikbillen, Steenkloppers, Stoetkonten en Mikken.

Drouwen is in lyts doarp mei sa 'n 500 ynwenners, mar yn de simmer binne der folle mear minsken, want it plak is populêr by toeristen. De wichtichste reden hjirfoar binne de bosken en heidefjilden om it doarp hinne, it Drouwenersân benoarden fan it doarp (tusken Drouwen en Gasselte) en it Drouwenerfjild (boskwachterij Gieten-Borger) westlik fan it doarp. Yn dizze boskwachterij hat Steatsboskbehear it Beamkroanpaad kreëarre, dêr't men ûnder de grûn en yn de krunen fan de beammen ynformaasje oer de natuer krijt, wylst yn it Drouwenersân wer in keppel heideskiep oer de heide swalket.

Oare trekpleisters binne de hunebêden en attraksjepark Drouwenerzand). By Versteend leven is der in eksposysje en ferkeap fan bysûndere stiennen en fossilen. Foar de oernachting binne der kempings, bungalowparken en in hotel, en ek de restaurants binne foar in grut part op toeristen rjochte.

Berne yn Drouwen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Jan Krol (1962-2023), rekke ferneamd as de jonge Bartje út de telefyzjesearje mei deselde namme út de jierren santich, waard hjir berne en wenne by syn âldelju op de pleats.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Drouwen fan Wikimedia Commons.
Borger-Odoorn
Doarpen:
BorgerBronnegerBuinenBuinerveenDrouwenDrouwenermondDrouwenerveen1e EksloëermondEksloEesEesergroenEeserveenEllertshaarEksloërfeanEksloKlijndijkNieuw-BuinenOdoornOdoornerveen2e Eksloërmond2e ValthermondValtheValthermondWestdorpZandberg
Buorskippen:
BoermastreekEksloëerkylKavelingenValtherblokkenValthermusselZeelandstreekje
· · Berjocht bewurkje