Echte mûzen en rotten fan de Nije Wrâld

Echte mûzen en rotten fan de Nije Wrâld
In rûchhierrige katoenrôt.
In rûchhierrige katoenrôt.
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: kjifdieren (Rodentia)
ûnderskift: mûzen en jerboä's (Myomorpha)
boppefamylje: mûzen en rotten (Muroidea)
famylje: wrotmûseftigen (Cricetidae)
(ynformeel): mûzen en rotten fan de Nije Wrâld
ûnderfamylje: echte mûzen en rotten fan de Nije Wrâld (Sigmodontinae)
Wagner, 1843

De echte mûzen en rotten fan de Nije Wrâld (wittenskiplike namme: Sigmodontinae) foarmje in ûnderfamylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia) en de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae), dy't mei twa oare ûnderfamyljes de ynformele groep fan 'e mûzen en rotten fan de Nije Wrâld foarmet. Foarhinne waarden dy oare beide ûnderfamyljes, de klimrotten fan de Nije Wrâld (Tylomyinae) en de Noardamerikaanske rotten en mûzen (Neotominae), gewoan ta de echte mûzen en rotten fan de Nije Wrâld rekkene, mar tsjintwurdich is men fan tinken dat de ferdieling yn trije ûnderfamyljes de ekstreme diversiteit fan dizze groep better ta syn rjocht komme lit.

De echte mûzen en rotten fan de Nije Wrâld besteane út rom 375 ûnderskate soarten, dy't oer hast de hiele Nije Wrâld ferspraat libje, mar fral konsintrearre binne yn Súd-Amearika. Dêr bedarren se as ûnderdiel fan 'e Grutte Amerikaanske Utwikseling, oan 'e ein fan it Mioseen, likernôch 5 miljoen jier lyn, doe't de lânbrêge fan Midden-Amearika foar it earst de beide kontininten fan Noard- en Súd-Amearika mei-inoar ferbûn. De echte mûzen en rotten fan de Nije Wrâld ferfolje deselde ekologyske nyssen dy't de mûzen en rotten fan de Alde Wrâld (Murinae) yn Jeraazje en Afrika ferfolje.

Underfamylje-opbou

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.