Eddie van Marum | ||
Algemien | ||
Folsleine namme | Eltje van Marum | |
Berne | 25 maaie 1968 | |
Berteplak | Grins | |
Funksje | Steatssekretaris Werophelpen Grinslân | |
Sûnt | 2 july 2024 | |
Partij | BBB | |
Politike funksjes | ||
2023-2024 | Steatelid yn Grinslân | |
2024-no | Steatssekretaris Werophelpen Grinslân | |
2003-2014 2023-2024 |
Lid Twadde Keamer | |
2014-2023 | Deputearre fan Oerisel | |
2015,2019 | Steatelid fan Oerisel | |
2024-no | steatssekretaris Werophelpen Grinslân |
Eltje (Eddie) van Marum (Grins, 25 maaie 1968)[1][2][3][4] is in Nederlânske politikus út namme fan de BoerBoargerBeweging (BBB). Sûnt 2 july 2024 is er steatssekretaris Werophelpen Grinslân yn it kabinet-Schoof. Fan 29 maart 2023 oant 2 juli 2024 wie er Steatelid yn Grinslân.
Van Marum yn Grins berne en brocht syn jonge jierre troch yn it Hegelân yn Winsum (Grinslân). Hy gie fan 1981 oant 1984 nei de hafû en vwo op de CSG Wessel Gansfort en fan 1984 oant 1985 nei de kristlike mafû yn Winsum en Baflo. Fan 1986 oant 1990 gie er nei de kristlike middelbere agraryske skoalle yn Grins, dat er net dien makke hat.
Fan 1992 oant 1993 folge Van Marum in jachtoplieding. Fan 2010 oant 2011 folge er in dieltiidmajor Natuer- en Lânskipstechnyk op 'e Hegeskoalle Van Hall Larenstein yn Felp, dêr't er lykwols mei opholden hie om't it net mei syn wurk útkaam.
Van Marum wie fan 1989 oant 1990 njonken studint selsstannich melker en feefersoarger op in melkfeehâlderij. Fan 1990 oant 1991 wie er algemien meiwurker by elektrotechnysk bedriuw Bolhuis yn Baflo. Dêrnei gie er yn 1991 yn militêre tsjinst by it Korps Kommandotroepen (KCT) op de Engelbrecht van Nassaukazerne yn Roosendaal.
Fan 1991 oant 2006 wie Van Marum muskusrôtebestrider by de provinsje Grinslân. Fan 2006 oant 2008 wie er greidfûgelkoördinator by de Agraryske Nateur Feriening Stêd en Ommelân. Yn 2007 kearde er by de provinsje Grinslân werom en waard er dêr administratyf en koördinearjend rayonamtnar muskusrôtebestriding. Oant 2010 die er ferskate wurksumheden by de provinsje.
Fan 2010 oant july 2024 wie Van Marum ûnder mear útfeartfersoarger, kontra-ekspert op it mêd fan brân-, wetter-, stoarm- en mynbouskea en fauna-adviseur op it mêd fan agrarysk natuerbehear, predatoarebehear en fjildmeiwurker foar it fangen en it ynbringen fan stjoerders fan greidbisten en fûgels. Njonken syn karriêre wie er warber foar ferskate ferienings en stiftings.[1][2][3][4][5][6]
Van Marum wie út namme fan de BoerBoargerBeweging (BBB) fan 29 maart 2023 oantt 2 juli 2024 Steatelid yn Grinslân. Ut namme fan dy partij fierde er it wurd oer de portefúljes lânbou, fiskerij, natuer, wetter, lânskip en mynbouskea. Hy stie op plak 20 op de kandidatelist fan de BBB foar de Jeropeeske Parlemintsferkiezings 2024 en helle 2.860 stimmen.[1][2][3][5][6]
Ut namme fan de BBB is Van Marum sûnt 2 juli 2024 steatssekretaris Werophelpen Grinslân ûnder it ministearje fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes yn it kabinet-Schoof.[7][8]
Van Marum wennet tegearre mei syn freon yn Nijtsjerk. Hy hat in soan út in eardere relaasje en is styfheit fan de twa dochters fan syn freon.[1][3][5]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ministers | Dick Schoof (MP/AZ) • Fleur Agema (FP/VWS) • Sophie Hermans (FP/KGG • Eddy van Hijum (FP/SZG • Mona Keijzer (FP/VRO) • Marjolein Faber (A&M) • Judith Uitermark (BZK • Reinette Klevers (BHO) • Caspar Veldkamp (BZ) • Ruben Brekelmans (Def) • Dirk Beljaarts (EZ) • Eelco Heinen (Fin) • Barry Madlener (IW) • David van Weel (JV) • Femke Wiersma (LVVN) • Eppo Bruins (OCW) | |||
Steatssekretarissen | Eddie van Marum (BZK) • Zsolt Szabó (BZK) • Gijs Tuinman (Def) • Nora Achahbar (Fin) • Tjebbe van Oostenbruggen (Fin) • Chris Jansen (IW) • Ingrid Coenradie (JV) • Teun Struycken (JV) • Jean Rummenie (LVVN) • Mariëlle Paul (OCW) • Jurgen Nobel (OCW) • Vincent Karremans (SZW) • Vicky Maeijer (VWS) | |||
Opstapt as steatssekretaris | Folkert Idsinga | wizigje |