Erwinia

Erwinia
Taksonomy
domein: eukaryoaten (Eukaryota)
ryk: baktearjes (Baktearia)
stamme: Proteobacteria
klasse: Gammaproteobacteria
skift: Enterobacteriales
famylje: Enterobacteriaceae
skaai: Erwinia
Winslow et al., 1920

Erwinia is in skaai fan Enterobacteriaceae-baktearjes dy’t meast plantaardige patogene soarten hawwe, dy’t neamd waarden nei de ferneamde plantepatolooch Erwin Frink Smith. It hat Gram-negative baktearjes relatearre oan Escherichia coli, Shigella, Salmonella, en Yersinia. It binne yn haadsaak staaffoarmige baktearjes.

In soad ynfektearje houtige planten. In bekend lid út dit skaai is de soarte E. amylovora, dy’t brânread op appels, parren en oare Rosaceae-gewaaksen feroarsaket; Lykwols, E. tracheiphila feroarsaket bakteariële wylt by cucurbits. Oare bekende soarten, lykas E. carotovora (oare wichtige oarsaak fan plantesykten), steane fierder fan de readfjoerbaktearje ôf en binne ferhuze nei de skaaien Brenneria, Dickeya, en Pectobacterium.[1]

Soarten dy’t oerbliuwe yn Erwinia binne:

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Toth, Ian K., Bell, Kenneth S., Holeva, Maria C., Birch, Paul R. J., Soft rot erwiniae: from genes to genomes, Molecular Plant Pathology, 1 January 2003, s.17–30
  2. Rezzonico, F., Smits, T.H.M., Born, Y., Blom, J., Frey, J.E., Goesmann, A., Cleenwerck, I., de Vos, P., Bonaterra, A., Duffy, B., Montesinos, E., Erwinia gerundensis sp. nov., a cosmopolitan epiphyte originally isolated from pome fruit trees, Int J Sys Evol Microbiol, 2016, s.1583-1592
  3. 3,0 3,1 3,2 3,3 3,4 3,5 Parte, A.C., Erwinia, www.bacterio.net http://www.bacterio.net/erwinia.html