It Europeesk kampioenskip strânfollybal (of de Nestea Europeesk Kampioenskip Finale) is in sportkompetysje foar lanneteams yn it strânfollybal. It kampioenskip wurdt elts jier organisearre troch de CEV (de Europeeske Federaasje Follybal).
Yn it begjin, yn 1993, diene allinne manlju mei oan it toernoai. In jier letter waard der in apart kampioenskip hâlden foar froulju. Beide kampioenskippen binne yn 1995 by inoar brocht.