De Fangionen (of Vangiones) wienen in Germaanske stam. Sy hearden faaks oarspronklik by it stamferbân fan de Germaanske Sueben. Yn 71 f.Kr. lutsen hja mei Ariovistus de Ryn oer en fêstigen har yn 'e omkriten fan it hjoeddeiske Worms.
De Romeinen neamden dy krite civitas Vangionum en oant yn de 16e iuw neamden de ynwenners fan Worms harren noch Fangionen.
De namme foar de omkriten fan Worms-Wonnegau (fan Wangengau) is fan dy namme ôflaat.
Hoewol't Julius Caesar de sân stammen dy't yn de slach oan de Ryn belutsen wienen as Germanen oantsjutte en njonken de Fangionen yn syn kriichsferslach noch de Haruden, Markomannen, Nemeten, Sedusjers, Sueben en Triboken neamde, sille in pear stammen wierskynlik fan Keltyske oarsprong west hawwe, dy't yn de oanswettende kriten fan it Fanioansk stamgebiet oan 'e Ryn wenne hawwe. Sa kin it wêze dat ek de Fangionen fan Keltyske komôf west hawwe.
Germaanske folken | feroarje |
---|---|
Allemannen · Ambroanen · Ampsivaren · Angelen · Angrivaarjers · Asdingen · Bajuwaren · Bataven · Boergonden · Bruktearen · Chasuarii · Dulgubnii · Fandalen · Fangionen · Fisigoaten · Fosy · Franken · Frisii · Gamaven . Gepiden · Goaten · Harii · Helisjers · Hermunduren · Herulen · Juten · Kananefaten · Kimbren · Kwaden · Lakringen · Langobarden · Lemovjers · Lugjers · Manimjers · Markomannen · Marobudui · Mattiakken · Naharvalen · Nemeten · Nervjers · Ostrogoaten · Rugjers · Saksen · Semnoanen · Silingen · Sitones · Sjamaven · Sjatten · Sjauken · Sjerusken · Skieren · Suëven · Sugambren · Suiones · Tenktearen · Teutoanen · Toksandrjers · Treveary · Triboken · Tubanten · Tudry · Ubjers · Usipeten · Volcae · Warnen |