Fantastic (tydskrift)

Fantastic
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
taal Ingelsk
sjenre fantasy
frekwinsje 1x de moanne; doe 1x de 2
moanne; doe 1x it fearnsjier
bestean 19521980
plak haadred. New York (New York)
offisjele webside
n.f.t.

Fantastic, ek bekend as Fastastic Stories (mar net te betiizjen mei Fantastic Adventures), wie in Amerikaansk tydskrift op it mêd fan science fiction- en fantasyliteratuer, dat bestie fan 1952 oant 1980. It waard oarspronklik troch de útjouwerij Ziff-Davis oprjochte as de wjergader foar fantasy fan it science fiction-blêd Amazing Stories. Yn 't earstoan wiene de ferkeapsifers goed, mar nei in pear jier sakke de boaiem derút, en wie haadredakteur Howard Browne twongen om fan fantasy fierhinne oer te stappen op science fiction. Fan gefolgen rekke Browne syn ynteresse yn it tydskrift kwyt en fanôf de midden fan 'e fyftiger jierren publisearre Fantastic ûnder Browne syn opfolger Paul W. Fairman oer it algemien fiksje fan minne kwaliteit.

De foarside fan 'e edysje fan oktober 1961.

Oan 'e ein fan 'e fyftiger jierren waard Cele Goldsmith oansteld as haadredaktrise fan sawol Fantastic as Amazing, en sy kallefatere beide blêden fluch op, û.m. om't se troch persoanlike kontakten mei foaroansteande skriuwers in hiel nij nivo fan ynhâld oanlûke koe. De beide blêden ûntjoegen har yn dy snuorje ta guon fan 'e oantreklikst útsjende en bêste sjenretydskriften fan Amearika. Goldsmith holp troch har haadredakteurskip de karriêres fan auteurs fan namme as Roger Zelazny en Ursula K. Le Guin op 'e gleed, mar likegoed slagge it har net om 'e ferkeapsifers te ferbetterjen. Yn 1965 waarden Fantastic en Amazing ferkocht oan Sol Cohen, dy't Joseph Wrzos oanstelde as haadredakteur en allinnich noch werprinte materiaal opnaam. Dat belied wie finansjeel ferstannich, mar it brocht him yn konflikt mei de doe krekt oprjochte Science Fiction Writers of America, in nasjonale feriening fan science fiction-skriuwers. Nei in turbulinte snuorje waard oan 'e ein fan 'e jierren sechtich Ted White haadredakteur, en fan dy tiid ôf waard wer nij materiaal opnommen.

White die der alles oan om Fantastic ta in súksesfol tydskrift te meitsjen. Sa naam er omslachkeunst op fan keunstners dy't namme makke hiene yn 'e stripwrâld, en teffens wurke er mei nije auteurs, lykas Gordon Eklund. Hoewol't er in krap budzjet hie, slagge it him út en troch om goede ferhalen te keapjen fan bekende skriuwers dy't ôfwiisd wiene troch oare tydskriften. De oplaach gie lykwols stadichoan efterút, dat yn 1978 ferkocht Cohen syn oanpart yn it blêd oan syn sakepartner Arthur Bernhard. White naam koarte tiid letter ûntslach en waard doe ferfongen troch Elinor Mavor. Minder as twa jier neitiid besleat Bernhard lykwols om Fantastic opgean te litten yn Amazing, dat altyd bettere ferkeapsifers hân hie.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, Footnotes en References op dizze side.