Fasta Åland

Fasta Åland mei Mariehamn

Fasta Åland (Finsk: Manner-Ahvenanmaa of Ahvenanmanner) is it grutste en meast bewenne eilân fan Ålân, in autonome provinsje fan Finlân besteande út in arsjipel. De haadstêd fan de provinsje, Mariehamn, leit ek op it eilân. Mei in oerflak fan 685 km² is it it tred grutste eilân fan Finlân.

Njoggentich prosint fan de befolking fan Ålân libbet op Fasta Åland. Fasta Åland is it grutste eilân fan de arsjipel. It hat in oerflak fan 1.010 km² en beslacht 66% fan it totale oerflak fan de provinsje (Ålân hat yn totaal in oerflak fan 1.512 km²). Fasta Åland mjit likernôch 50 kilometer fan noard nei súd en likernôch 45 kilometer fan east nei west.

Njonken de provinsjestêd Mariehamn lizze de gemeenten Eckerö, Finström, Geta, Hammarland, Jomala, Lemland, Lumparland, Saltvik en Sund ek op Fasta Åland. De heechste berch op it eilân is de Orrdalsklint, de berch hat in hichte fan 129 meter.