Ferdinand Jagemann (Weimar, 24 augustus 1780 – dêre, 9 jannewaris 1820) wie in Dútsk keunstskilder.
Hy wie in soan fan bibletekaris Christian Joseph Jagemann en in broer fan aktrise Karoline Jagemann. Karoline wie matresse fan gruthartoch Charles Augustus, dy't Ferdinand stipe om studearje te kinnen by de skilders Tischbein. Hy studearre teffens by de hofskilder Georg Melchior Kraus yn Weimar en by Füger yn Wenen. Dêrnei makke er stúdzjereizen nei Parys en Itaalje. Hy waard in ferneamd portretskilder, dy't bygelyks Friedrich Schiller op syn deadsbêd skildere. Doe't er stoar wie er learaar oan de Fürstliche freie Zeichenschule yn Weimar. Goethe (dy't er yn 1805, 1806, 1817 en 1819 skildere hie) makke by gelegenheid fan syn begraffenis in eulogy.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Ferdinand Jagemann fan Wikimedia Commons. |