Ferdrach fan Medicine Lodge

It Ferdrach fan Medicine Lodge is de namme foar trije ûnderskate ferdraggen tusken it regear fan de Feriene Steaten en beskate Yndiaanske folken fan 'e súdlike Grutte Flakten, dy't allegear yn oktober 1867 sletten waarden. It doel fan 'e ferdraggen wie om 'e súdlike Grutte Flakten te pasifisearjen troch de Yndianen ûnder te bringen yn reservaten yn it Yndiaanske Territoarium (it tsjintwurdige Oklahoma), sadat se de kolonisaasje fan harren âlde wengebieten troch de Amerikanen net foar de fuotten rinne soene. Yn dat ramt ferfongen dizze ferdraggen it twa jier earder, yn oktober 1865, tekene Ferdrach fan de Lytse Arkansas, dat itselde probleem regelje sillen hie, mar dat nea útfierd wie.

Foar de ûnderhannelings oer it Ferdrach fan Medicine Lodge kamen de folmachten fan it Amerikaanske regear en de fertsjintwurdigers fan 'e Yndianen gear op in plak dêr't tradisjoneel Yndiaanske seremoanjes holden waarden (medicine lodge betsjut "medisynhutte"). It earste fan 'e trije ferdraggen waard op 21 oktober 1867 tekene tusken it Amerikaanske regear en de Kajowa (Kiowa) en de Komantsjen (Comanche). It twadde ferdrach waard dyselde deis noch sletten tusken de Amerikanen en de Flakte-Apachen. It trêde ferdrach, tusken de Amerikanen en de Súdlike Sjajinnen (Southern Cheyenne) en Súdlike Arapaho, waard ûndertekene op 28 oktober. De bekendsten fan 'e yn totaal 48 opperhaden dy't by it sluten fan it Ferdrach fan Medicine Lodge belutsen wiene, wiene Sittende Bear, Satanta en Skopfûgel fan 'e Kajowa, Tsien Bearen fan 'e Komantsjen, Swarte Tsjettel en Lytse Rots fan 'e Súdlike Sjajinnen en Lytse Raven fan 'e Súdlike Arapaho.

Under it Ferdrach fan Medicine Lodge waarden de Yndianen reservaten tawiisd dy't lytser fan omfang wiene as dy dy't har ûnder it Ferdrach fan de Lytse Arkansas taparte wiene. De belutsen folken ratifisearren it ferdrach lykwols nea troch in stimming ûnder folwoeksen manlju te hâlden, sa't nedich wie. Neitiid waard it Yndiaanske lân noch fierder beheind troch de ynfiering fan 'e Lânferdielingswet fan 1887 en oare maatregels dy't troch it Amerikaanske Kongres fan boppe-ôf oplein waarden.

As reaksje dêrop dage it Kajowa-opperhaad Iensume Wolf de Jongere yn 1902 de Amerikaanske minister fan Binnenlânske Saken Ethan A. Hitchcock foar de rjochter foar fraude yn 'e saak Lone Wolf v. Hitchcock. Uteinlik waard dêroer yn 1903 beslist troch it Amerikaansk Heechgerjochtshôf, dat tajoech dat de Yndianen net ynstimd hiene mei it opjaan fan harren lân, mar ek fûn dat it Amerikaanske Kongres de folmacht en it politike rjocht hie om sokke beslissings te nimmen sûnder ynstimming fan 'e Yndianen, dy't yn harren reservaten ommers fierhinne fan bedieling troch de steat libben. Ut dat fûnis kaam dúdlik de njoggentjinde-iuwske opstelling fan 'e Feriene Steaten foar de Yndianen út nei foarren. Doe't de belutsen stammen mids tweintichste iuw it net-neilibjen fan it Ferdrach fan Medicine Lodge troch it Amerikaanske regear fannijs foar de rjochter brochten, wûnen de Kajowa, Arapaho en Komantsjen úteinlik oansjenlike skikkings, dy't yn 'e tsientallen miljoenen dollars rûnen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.