De Fjirtich Martlers fan Sebaste wie in groep romeinske soldaten fan it Legio XII Fulminata, dy't neffens de martlersboeken yn 320 foar harren kristlike leauwe de martlersdea ferstoaren.
Se waarden fermoarde by de stêd Sebaste yn it doedestiidske Armenia Inferior en it hjoeddeiske Sivas (Turkije). Se wiene it slachtoffer fan keizer Lisinius, dy't nei 316 útein sette mei de ferfolging fan kristenen yn it eastlike diel fan it ryk. De earste ferslaggen fan harren bestean en martlersskip geane werom op ynformaasje fan biskop Basilius (370–379) yn in homily fan him op de feestdei fan de Fjirtich Martlers fan Sebaste. Harren betinkingsdei is dus âlder as Basilius sels, dy't har sa'n fyftich of sechtich jier nei harren dea bewijreke.
Neffens Basilius waarden de fjirtich soldaten, dy't iepenlik foar harren kristlike leauwe útkamen, troch de prefekt feroardiele yn in iiskâlde nacht neaken op in beferzen fiver by Sebaste te stean, sadat hja deafrieze soene. Ien fan de fjirtich hold it net fol en liet syn maten yn 'e steek om nei it waarme wetter te gean yn it badhûs, dat klear stie foar dyjingen dy't it kristendom ôfswarre soe. Ien fan de bewakers, Aglaius, dy't de soldaten yn it gelid hâld moast, seach doe in frjemd skynsel oer de soldaten hinne. Aglaius seach dat as in teken, waard opslach kristen, die de klean út en foege him by de oare njoggenentritich sadat it tal fjirtich wer kompleet wie.
By it lemieren fan de dei waarden de stive lichems, dêr't noch altiten libben yn siet, ferbaarnd. De jiske dêrfan waard yn in rivier smiten. Kristenen lykwols sammelen de noch weardefolle resten en de reliken rekken ferspraat oer in soad stêden en dêrmei ek de ferearing. Tal fan tsjerken waarden stifte ta eare fan de martlers.
Fan de fjirtich martlers binne de nammen bewarre bleaun: Akasius, Aetius, Aglaius, Augias, Aleksander, Atanasios, Domitianus, Domnus, Editius, Elias, Eunoicos, Eutichius, Filoctimon, Flavius, Gaius, Gorgonius, Heraklius, Hesychos, Ilos, Ioannes, Kandidus, Klaudius, Kudio, Leontius, Lysimacus, Melito, Nikolaas, Priscus, Quiro, Sacerdos, Severinus, Sisinnius, Smaragdus, Syrillus, Teodulus, Teofilus, Valentius, Valerius, Vibianus en Ksantius. Op de nammen binne yn de ferskate konfesjes fariaasjes mooglik,
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|