Flandreau Santy Sû Stamme fan Súd-Dakota | ||
Ingelsk | Flandreau Santee Sioux Tribe of South Dakota | |
flagge | ||
algemiene ynformaasje | ||
lân | Feriene Steaten | |
steat | Súd-Dakota | |
haadkertier | Flandreau (Súd-Dakota) | |
etnisiteit | Eastlike Dakota | |
ledetal | 740 (2013) | |
oprjochting | 1934 | |
status | federale erkenning | |
erkenning | Feriene Steaten | |
reservaat | ||
reservaat | Flandreau Yndianereservaat | |
lokaasje | eastlik Súd-Dakota | |
oerflak | 20 km² | |
ynwennertal | 730 | |
offisjele webside | ||
fsst.org | ||
kaart | ||
Lokaasje fan it haadkertier fan 'e stamme yn Súd-Dakota.
|
De Flandreau Santy Sû Stamme fan Súd-Dakota (Ingelsk: Flandreau Santee Sioux Tribe of South Dakota) is in federaal erkende Yndiaanske stamme-organisaasje yn 'e Feriene Steaten, mei in eigen reservaat yn 'e steat Súd-Dakota.
De organisaasje, dy't oprjochte waard yn 1934, hat 740 leden, en it haadkertier is fêstige yn Flandreau, yn Súd-Dakota. De leden besteane út etnyske Sû (Sioux), allegearre Eastlike Dakota (Santy), foar it meastepart fan 'e Mdewakanton-stamme, mar ek guon Wahpekûte en Wahpeton. De Flandreau Santy Sû Stamme fan Súd-Dakota foarmet mei tsien oare Sû-organisaasjes de Feriene Sû Stammen.
It reservaat fan 'e Flandreau Santy Sû Stamme is it Flandreau Yndianereservaat (Flandreau Indian Reservation) fan eastlik Súd-Dakota, dat in oerflak hat fan mar 20 km², en dêrmei fierwei it lytste reservaat fan 'e steat is. Hast alle stammeleden, sa'n 730 fan 'e 740, wenje yn it reservaat, dêr't se û.m. wurk fine yn in eigen kasino.
De skiednis fan 'e Flandreau Santy Sû Stamme fan Súd-Dakota giet werom op 'e Dakota-Oarloch fan 1862, eins mear in opstân as in oarloch, wêrby't de Eastlike Dakota yn Minnesota út honger en brekme mei geweld fanwegen kamen tsjin 'e benammentlik Dútske kolonisten yn harren wengebiet. Nei't de Dakota yn 'e earste pear wiken 300 oant 400 blanken deade hiene, waard de opstân lykwols yn bloed smoard. Hûnderten Eastlike Dakota waarden út harren foarâlderlik lân nei Súd-Dakota deportearre, dêr't likernôch 1.300 fan harren fan honger en kjeld omkamen yn it Crow Creek Yndianereservaat. In grutte kloft fan dyselden waard yn 1866 tastien om har yn it Santy Yndianereservaat yn Nebraska te fêstigjen. Yn 1869 keazen 25 famyljes der lykwols foar om harren rjocht op ûnderhâld troch de Amerikaanske oerheid op te jaan en gewoane boargers te wurden. Se setten harren op in klútsje nei wenjen yn it easten fan Súd-Dakota, dêr't hjerstmis datselde jiers nochris 15 famyljes har by har joegen. Pas 65 jier letter waard de sa ûntstiene boerekoloanje ûnder de Yndiaanske Reorganisaasje Wet fan 1934 organisearre as in federaal erkende stamme.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |