Floaris en Blankefloar | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Floris ende Blancefloer | |
auteur | Diderik fan Assenede | |
taal | Midnederlânsk | |
foarm | roman yn dichtfoarm | |
sjenre | leafdesroman | |
skreaun | ±1260 | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Floaris en Blankefloar | |
publikaasje | 2009, Ljouwert | |
útjouwer | Utjouwerij Elikser | |
oersetter | Klaas Bruinsma | |
ISBN oers. | 978-9 08 95 41 437 |
Floaris en Blankefloar, yn it oarspronklike Midnederlânsk: Floris ende Blancefloer (of ek wol Van Floris en Blancefleur), is in trettjinde-iuwske leafdesroman yn dichtfoarm fan 'e Flaamske dichter Diderik fan Assenede (±1230-±1290), basearre op it eardere wurk Floire et Blancheflor, fan in anonime Frânske skriuwer út 'e tolfde iuw. De Fryske oersetting fan Klaas Bruinsma waard útjûn yn 2009.
It Frânsktalige Floire et Blancheflor moat om 1160 hinne ûntstien wêze as it wurk fan in anonime dichter dy't nei alle gedachten út noardlik Frankryk kaam. Dizze orizjinele ferzje is inkeld oerlevere yn trije hânskriften fan folle letter datum, ien fan omtrint 1288, in oaren út likernôch 1447 en in trêden út 'e fjirtjinde of fyftjinde iuw. Alletrije manuskripten binne op 'e noed fan 'e Bibliothèque Nationale de France, te Parys. De Midnederlânske bewurking troch Diderik fan Assenede datearret fan likernôch 1260. Diderik wie in klerk oan it hof fan 'e greven fan Flaanderen te Brugge, en hat Floire et Blancheflor oerset nei de folkstaal om it ferhaal foar in grutter publyk tagonklik te meitsjen, al jout er sels yn 'e tekst oan dat it oersetten yn berime fersen him noch net tafoel. Diderik syn Floris ende Blancefloer is oerlevere yn ien hânskrift út it twadde fearn fan 'e fjirtjinde iuw. Dêrnjonken binne der ek noch in stikmannich fragminten út in âlder manuskript bewarre bleaun. Sawol it folsleine hânskrift as de fragminten binne yn it besit fan 'e Universiteitsbibleteek Leien.
Floire et Blancheflor wie yn 'e Midsiuwen in tige populêr ferhaal en is dat noch iuwenlang bleaun. Behalven in Midnederlânske oersetting wiene der noch oaren. In ûnfolsleine opsomming:
Yn Floaris en Blankefloar groeie twa bern tegearre op oan it hof fan in islamityske kening yn it Spanje fan foar de Reconquista: de iene is Floaris, de soan fan 'e kening, en de oare is it famke Blankefloar, de dochter fan in kristlike slavinne. Earst binne se gewoan befreone, mar as se grutter wurde, reitsje se fereale opinoar. As de kening fan harren leafde heart, stjoert er syn soan nei in kostskoalle, en as dat noch net helpt — want Floaris ferjit syn faam net — ferkeapet er Blankefloar as slavinne en makket Floaris wiis dat se stoarn is. Hoewol't er yn syn bedragerij safier giet dat er sels in prealgrêf foar it fanke oanlizze lit, komt Floaris dochs de wierheid oan 'e weet.
Dêrop giet er op 'e siik nei syn leafste en fynt er Blankefloar úteinlik werom yn 'e haremtoer fan 'e emier fan Babel, dêr't se mei 140 oare froulju finzen holden wurdt. Hy heart dêr dat de emier elts jier ien fan 'e froulju ta frou nimt en dan dejinge fan it foarrige jier om hals bringe lit, en der wurdt fan grute dat Blankefloar syn folgjende frou wurde sil. Troch in snoade list (hy keapet by it skaken de toerwachter om en lit himsels dan ûnder in lading roazen yn in koer de toer yn drage) wit Floaris tagong ta Blankefloar te krijen. Sy hâldt him yn 'e toer in hoart ferburgen, mar úteinlik wurde se tegearre op bêd betrape troch de emier fan Babel sels.
Hja wurde feroardiele ta de dea, mar trochdat se allebeide de skuld op harrensels besykje te nimmen en de oare besykje frij te pleitsjen, komme se de emier sa op it moed dat er harren ferjout. Dêrop wurdt Floaris ta ridder slein en trout er mei Blankefloar. Noch ûnder de brulloft arrivearje der boadskippers út Spanje wei mei it berjocht dat Floaris syn âldelju stoarn binne. Floaris keart dan mei syn breid werom nei syn heitelân, dêr't hy en Blankefloar kening en keninginne wurde en it lân kristenje. Ta útlaat wurdt der dan noch in nuveraardich stambeamke opleppele: de dochter fan Floaris en Blankefloar (twa optochte personaazjes) soe Berta Mei-de-Grutte-Foet west hawwe (in histoarysk persoan), dy't letter de mem fan Karel de Grutte waard.
De Fryske oersetting fan Floris ende Blancefloer ferskynde yn 2009 ûnder de titel Floaris en Blankefloar by Utjouwerij Elikser te Ljouwert. De Fryske fertaling is fan 'e hân fan Klaas Bruinsma, dy't der ek in ynformative ynlieding by skreau, en dy't him foar syn oersetting basearre op 'e werprintinge fan 'e útjefte fan 'e oarspronklike tekst troch J.J. Mak, by útjouwerij Martinus Nijhoff yn De Haach, út 1980.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side. |