Flodder 3

Flodder 3
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Dick Maas
produsint Dick Maas
Laurens Geels
útfierend
   produsint
Laurens Geels
senario Dick Maas
Wijo Koek
kamerarezjy Philip Hering
muzyk Dick Maas
filmstudio First Floor Features
Veronica TV (HMG)
distribúsje First Floor Features
spilers
haadrollen Nelly Frijda
Coen van Vrijberghe de Coningh
Stefan de Walle
Tatjana Šimić
byrollen Lou Landré
Alfred van den Heuvel
Marloes van den Heuvel
Herman Passchier
Caya de Groot
skaaimerken
lân/lannen Nederlân
premiêre 29 juny 1995
foarm langspylfilm
sjenre komeedzjefilm
taal Nederlânsk
spyltiid 125 minuten
budget en resultaten
budget ƒ7,5 miljoen
opbringst ûnbekend
filmsearje
filmsearje Flodder
● foarich diel Flodder in Amerika!

Flodder 3, soms stilearre as Flodder III, en ek wol bekend as Flodder Forever en Flodder: The Final Story, is in Nederlânske komeedzjefilm út 1995 ûnder rezjy fan Dick Maas. De haadrollen waarden fertolke troch Nelly Frijda, Coen van Vrijberghe de Coningh, Stefan de Walle en Tatjana Šimić. It is de trêde en lêste film oer de asosjale húshâlding Flodder út 'e Flodder-franchise, mar it is net sasear in ferfolch op 'e foargeande beide films, mar mear in fuortsetting fan 'e tillefyzjesearje Flodder. Sterker noch, it senario fan 'e film waard gearstald út 'e skripten foar trije ôfleverings út 'e tillefyzjesearje dy't nea makke wiene. De film folget de famylje Flodder as se it slachtoffer wurde fan in kampanje fan it wykkomitee om harren út har filla te ferdriuwen. Flodder 3 wie lang net sa kommersjeel súksesfol as de foargeande beide films.

De asosjale húshâlding Flodder wennet al inkele jierren yn 'e fillawyk Zonnedael, dêr't se by wize fan sosjaal eksperimint bedarre binne. De Flodders steane ûnder begelieding fan sosjaal wurker Sjakie van Kooten, dy't mient dat se yn harren hâlden en dragen mei stappen en sprongen foarút gien binne, mar eins sette de Flodders harren wenstige libbensstyl yn Zonnedael gewoan fuort. Sa is it ferskate jûnen yn 'e wike feest yn Huize Flodder, wêrby't al harren freonen út 'e folksbuert dêr't se oarspronklik wennen, op besite komme en oant neare nacht de boel op stelten sette. De hiele wyk hat te lijen ûnder de lûdsoerlêst dy't dat opsmyt.

Fierders rekket Ma Flodder geregeldwei slaande deilis mei de skiteldeftige buorfroulju. Soan Johnnie betinkt it iene nei it oare snoade plan om troch lytse kriminaliteit jild te 'fertsjinjen', hoewol't dy plantsjes faker al as net op 'e non rinne. Ien fan 'e redens dêrfoar is dat Johnnie syn ûnnoazele jongere broer Kees as syn assistint ynset. As Kees Johnnie net hoecht te helpen, is er faak by de pleatslike tennisklub te finen, dêr't er troch it iepenslaande rút fan 'e klaairomte by it dûsen de neakene tennisfamkes begluorket. Dochter Kees sit tsjintwurdich op karate, wat har by steat stelt om har lyknammige broer te beskermjen tsjin in wan bruien fan 'e tennisjonges as er by syn strúnjeierij trappearre wurdt. De beide jongste bern, Toet en Henkie stelle ûnderdielen fan gersmeaners en bromfytsen om dêrmei de rolstoel fan pake Flodder fan eigen oandriuwing te foarsjen, sadat se net hieltyd mear mei him in blokje om hoege. En hûn Whisky oefenet yn 'e hiele strjitte in wier skrikbewâld út foar postrinders en krantejonges.

Om't Zonnedael mei gauwens syn 25-jierrich bestean fiere sil, siket it feestkomitee iverich nei in manear om fan 'e Flodders ôf te kommen foar't dy it feest bedjerre sille, sa't se dat mei alles dogge. Fral de foarsitter, Ruud van Brandwijk, hat der tige by tige bestek op om 'e Flodders fuort te krijen, ek al is er net ien fan harren neiste buorlju. Hy freget in maat fan him om help, de abbekaat Reinoud de Graaff. Dyselde lit syn dochter Mirjam ynfiltrearje by de gemeente om ynsjoch te krijen yn it dossier oer de Flodders. Op dy manear ûntdekke Van Brandwijk-en-dy dat der beskate betingsten steld binne by it tawizen fan 'e leechsteande filla oan 'e Flodders: sa is it begean fan in misdriuw troch ien lid fan it gesin al reden foar de útsetting fan 'e hiele húshâlding.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

It is fansels mar in kwestje fan tiid foar't ien fan 'e Flodders wer ris earne foar arrestearre wurdt, mar Van Brandwijk beslút it lot in hantsje te helpen. Hy lit ien fan 'e leden fan it komitee oanjefte dwaan fan it stellen fan syn auto. Neitiid betellet er in lûsje figuer om mei de auto nei de Flodders ta te riden en Johnnie te freegjen oft dy helpe kin mei de heling fan it fiertúch. Johnnie hat dêr gjin beswier tsjin, en de auto wurdt by de Flodders efterlitten. As Johnnie him yn 'e garaazje ride wol, sadat er wat út it sicht is, blykt dy lykwols fol te stean mei troep. Dat, ynstee lit er syn broer Kees, dy't dat sa stomme graach wol, in ritsje yn 'e auto meitsje. Underweis komt Kees de plysje tsjin, rekket yn panyk en parkearret de auto earne yn 'e wyk op in willekeurige oprit. De plysje komt by de Flodders oan om't der in tip binnenkommen is dat Johnnie in stellen auto yn besit hawwe soe, mar dat blykt net sa te wêzen. Letter sjogge de plysjes de stellen auto earne op in oprit stean, by it hûs dat (tafalligerwize) fan 'e eigner is. Dy kriget dêrnei in warskôging foar it dwaan fan in falske oanjefte.

Van Brandwijk moat sadwaande werom nei de tekentafel en hy rekket almar mear obsedearre troch it idee dat er de Flodders tsjin eltse priis fuort sjen moat te krijen. Underwilens begjinne syn nuvere opstigings de oare leden fan it feestkomitee, mei foaroan Liesbeth Vonk, tsjin te stean. Om't neffens it hierkontrakt fan 'e Flodders ek skeining fan 'e iepenbiere earberens al genôch is om se út harren wente te setten, besiket Van Randwijk no om dochter Kees safier te krijen dat it liket as docht se oan strjitteprostitúsje. Hy lit in lid fan it komitee har opskilje mei it oanbod om yn in film te spyljen yn 'e rol fan in prostituee. As se dêrop yngiet, wurdt se thús (yn kostúm) ôfhelle. Har sjauffeur lit har lykwols efter by in tippelsône, dêr't Van Brandwijk en Vonk fierderop mei in kamera yn 'e oanslach de boel yn 'e rekken hâlde. De strâne Kees hâldt in auto oan om in lift nei hûs te krijen, mar it liket op 'e foto's fan Van Brandwijk as stapt se as prostituee by in klant yn. Van Brandwijk mient dat er no it wapen tsjin 'e Flodders yn 'e hannen hat dat er socht, mar dan blykt de man dy't Kees in lift jûn hat in oar lid fan it komitee te wêzen dy't krekt in nije auto kocht hie en neat fan 'e lytse 'undercoveroperaasje' fan Van Brandwijk ôfwist.

Behalven kriminele aktiviteiten en skeining fan 'e iepenbiere earberens blykt ek gesinsútwreiding reden te wêzen om 'e Flodders harren wente te ûntnimmen. Dat Van Randwijk spoart de biologyske heit fan dochter Kees op, dy't er omkeapet om it wer oan te lizzen mei Ma Flodder en by de Flodders yn te lûken. As de man dat lykwols besiket, wâdet Ma Flodder him fuortendaliks it hûs wer út, om't se him net luchtsje of sjen kin. Boppedat hat se al romantyske relaasje mei de âld swerver Robbie. It mislearjen fan syn trêde plan is in rare ôfdijer foar Van Brandwijk, mar as er heart fan 'e leafde fan Ma Flodder foar Robbie, kriget er foar it ferstân dat dat op itselde delkomt. Ma lit der gjin gers oer groeie en wol daliks trouwe, en Robbie hat dêr gjin beswier tsjin.

Underwilens ûntdekt sosjaal wurker Sjakie, dy't smoarfereale rekke is op Mirjam de Graaff, har wiere bedoelings as er sjocht dat sy in (yllegale) kopy makke hat fan it hierkontrakt fan 'e Flodders. Dêrtroch sjitte him ynienen de betingsten fan it hierkontrakt wer te binnen. Hy hastiget him nei de trouwerij ta om dy tsjin te hâlden, mar Ma Flodder wegeret nei him te harkjen en wol dochs trochsette, ek al soe se dêrtroch har hûs kwytreitsje. As lykwols de bern fan Robbie opdaagjen komme, dy't de trouwerij ek tsjinkeare wolle, docht bliken dat swerver Robbie eins miljonêr Robert is, dy't foar syn eigen famylje ûnderdûkt wie om wer ris in skoftke in 'normaal' libben te lieden. Johnnie, dy't in houlik fan syn mem mei in swerver alhiel net sitten seach, fleuret hielendal op, mar Ma fielt har besoademitere en set Robbie/Robert oan 'e dyk, sadat de trouwerij op it lêste stuit noch ôflast wurdt, ta grutte argewaasje fan Van Brandwijk.

De oare deis docht lykwols bliken dat de hierferlinging net op 'e tiid regele is: Sjakie hie dy wol op 'e tiid oanfrege, mar it brief dêr't dat yn stie, hied er oan Mirjam jûn om op 'e post te dwaan. Dêrtroch ferlieze de Flodders dochs noch harren wente. Se lizze har dêr lykwols net by del en negearje de moannings ta ûntromming. Dêrop arrivearret in plysjemacht mei stipe fan 'e mobile ienheid, mar de Flodders hawwe al harren poatige freonen út 'e folksbuert optromme, dy't it oer it algemien dochs al net sa op 'e lange earm der wet stean hawwe. De hûsútsetting rint sadwaande út op in wiere fjildslach yn 'e foartún fan 'e Flodders, dêr't ek ferskate buorfroulju harren, oan 'e kant fan 'e plysje, yn minge. De striid hâldt pas op as Sjakie arrivearret, dy't bewurkmastere hat dat de Flodders der wenjen bliuwe meie oant de filla op in feiling by opbod ferkocht wurdt. En hy hat de wethâlder ek safier krigen dat er út namme fan 'e gemeente besykje mei de filla te keapjen.

Foarôfgeande oan 'e feiling fiert Van Brandwijk in ferheging fan 'e kontribúsje fan 'e wykferiening troch mei ƒ10.000 de persoan. Sa sammelet er ƒ685.000 yn om 'e Flodders útkeapje te kinnen. Op 'e feiling biede Van Brandwijk en Sjakie tsjin inoar op, mar Sjakie hat tastimming krigen om oant ƒ800.000 te gean. Mei syn lêste bod fan ƒ750.000 sit Van Brandwijk al ƒ65.000 boppe it ynsammele bedrach, mar hy kin him net ynhâlde en oerbiedt Sjakie op 'e nij, mei ƒ850.000. Dat ropt de ôfgriis op fan 'e oare leden fan it feestkomitee, dy't witte dat er dat jild hielendal net hat en dat de buertbewenners der aansten foar opdraaie sille. Sjakie biedt de Flodders syn ûntskuldigings oan, mei't er net heger gean kin, mar dan arrivearret in keurige âldere hear dy't ƒ1.000.000 biedt. Dat is in priis dêr't nimmen oerhinne kin, dat de feilingmaster ferkeapet him de filla. Van Brandwijk en de oare Zonnedaelsters binne tefreden, mei't immen dy't sûnder te ferblikken sa'n bedrach deltelt, perfoarst in persoan wêze moat dy't se graach yn 'e wyk te wenjen hawwe.

Bûtendoar docht lykwols bliken dat de âldere hear de sekretaris fan miljonêr Robert is, dy't de filla foar Ma Flodder kocht hat by wize fan betankje foar de geweldige tiid dy't se tegearre hân hawwe. Van Brandwijk rekket alhiel oerémis en ferliest eltse selsbehearsking as er dat heart, wat noch oanboazet as Johnnie Flodder by him komt om it ferlies noch eefkes yn te wriuwen. Ma kundiget foar dy jûns in grut feest yn Huize Flodder oan om te fieren dat se net hoege te ferhúzjen. Dêr nûget se Robert ek foar út. Letter dy deis komme Liesbeth Vonk en de oare leden fan it feestkomitee by Van Brandwijk oan 'e doar om him te fertellen dat er út syn funksje as foarsitter setten is. Mei't it foarsitterskip fan it komitee syn lust en syn libben wie, draait er dan alhiel troch. Hy jout de Flodders de skuld fan al syn tsjinrampen.

Dy jûns fiere de Flodders feest. Sjakie ferskynt dêre mei Mirjam de Graaff by him, mei wa't er it bylein en in relaasje krigen hat. Underwilens stelt Van Brandwijk in tankwein mei branje, dy't er nei Zonnedael riidt. Dêrnei rjochtet er it ding op 'e filla fan 'e Flodders, set it stjoer en it gaspedaal fêst en springt derút. De tankwein dinderet troch skudden, hagen en tunen hinne en by wenten en swimbaden lâns, wêrby't er in ravaazje efterlit. As er roerdelings by in sinnewizer lâns riidt, skrabet de pylk fan dat ding by de tank lâns en slacht dy lek. Fan dat stuit ôf lit de tankwein in spoar fan benzine efter troch de hiele wyk. As er de strjitte mei de filla fan 'e Flodders berikt, fljocht er rjocht op pake Flodder ôf, waans rolstoel fêst kommen is te sitten yn 'e naad tusken twa stoeptegels. Op it lêste momint springt pake út 'e rolstoel en draaft fansiden, ta ferbjustering fan 'e tasjende Johnnie, dy't beseft dat de âldman it hiele gesin al dy jierren besoademitere hat.

De tankwein raamt de rolstoel, en troch de skok komt it stjoer los. Dêrop makket de tankwein in abrupte draai nei rjochts, giet kreas by de filla fan 'e Flodders lâns en riidt troch de gevel nei binnen yn it hûs fan buorman en buorfrou Neuteboom, dy't op fakânsje binne. De tankwein komt ta ûntploffing en it fjoer ferpriedt him mei kûgelsfeart werom fia it spoar fan benzine. Dat soarget foar in keatlingreäksje, wêrby't it iene hûs nei it oare yn ljochte lôge komt te stean. De brân ferspriedt him fierder trochdat alle huzen mei-inoar ferbûn binne troch de fersierings foar it oankommende feest. De Neutebooms komme krekt dy jûns werom fan fakânsje en hawwe net troch dat se it benzinespoar kruse krekt op it stuit dat it fjoer op dat punt arrivearret. It gefolch is dat harren caravan yn 'e brân rekket. De Neutebooms merke dêr lykwols neat fan en ride sûnder euvelmoed troch, wêrby't se it fjoer fierder ferspriede. As se úteinlik de brânende caravan ûntdekke, bliuwt buorman Neuteboom net stean, mar trapet er krekt yn panyk it gas yn. By it nimmen fan in bocht rekket de caravan los fan 'e auto en riidt op eigen manneboet fierder nei de garaazje fan Van Brandwijk, dêr't alle fjoerwurk foar it 25-jierrich bestean fan Zonnedael opslein leit. Dat wurdt troch it fjoer ta ûntploffing brocht en soarget foar noch mear brân en teffens foar algehiele panyk mank de Zonnedaelster befolking. Underwilens miene de Flodders en harren gasten mar dat it fjoerwurk ta eare fan harren ûntstutsen wurdt, by wize fan hânrikking fan 'e wyk nei harren ta.

De oare moarn, as alle brannen dwêstge binne, docht bliken dat (yn in spegeling fan 'e ein fan 'e earste film) hiel Zonnedael oan 'e grûn ta ôfbrând is, útsein de filla fan 'e Flodders, om't dy net fersierd wie foar it oankommende feest. Ma Flodder fynt it wol ferfelend dat se no yn in soarte fan rikjend nimmenslân wenje. As Johnnie dêrnei trochfreget, antwurdet se "’t Blijven toch je buren, hè?" Fan in fierhinne swartbleakere boerd mei dêrop de tekst "WELKOM IN ZONNEDAEL" falle de measte letters ôf, sadat inkeld de letters oerbliuwe dy't it wurd "EINDE" foarmje.

Coen van Vrijberghe de Coningh.
Tatjana Šimić.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Ma Flodder Nelly Frijda
Johnnie Flodder Coen van Vrijberghe de Coningh
soan Kees Flodder Stefan de Walle
dochter Kees Flodder Tatjana Šimić


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Sjakie van Kooten Lou Landré
Ruud van Brandwijk Alfred van den Heuvel
Liesbeth Vonk Marloes van den Heuvel
pake Flodder Herman Passchier
Mirjam de Graaff Caya de Groot
Toet Flodder Scarlett Heuer
Henkie Flodder Sander Swart
Robbie de swerver / Robert de miljonêr Gees Linnebank
Reinoud de Graaff François Beukelaers*
frou Van Brandwijk Trudy de Jong
lid komitee mei auto Wim van den Heuvel
wethâlder Edmond Classen
buorman Ed Neuteboom Bert André
buorfrou Tilly Neuteboom Lettie Oosthoek
heit fan dochter Kees Hugo Metsers III
Hennie Laus Steenbeeke
Kareltje Miguel Stigter
kalm komiteelid Hans Leendertse
plysjefrou by hûsútsetting Petra van Hartskamp
opsichter pakhûs haven Rik Hoogendoorn
kosmetikaferkeapster Marjolein Keuning
gastfrou kosmetikaferkeap Karin Meerman
buorfrou #1 Hanneke Riemer
buorfrou #2 Lucie de Lange
buorfrou #3 Paula Majoor
mr. Van As Wil van der Meer
Daniël (soan fan Robert) Erik de Vogel
aaklike omkesizzer René van Zinnicq Bergmann
Theo Ruyter Rob van de Meeberg
erchtinkende plysjeman Freark Smink
amtner boargerlike stân Peer Mascini
Hendrik Serge-Henri Valcke

*) Fanwegen it aksint fan François Beukelaers waard syn dialooch yn 'e postproduksje neisyngronisearre mei de stim fan Arnold Gelderman.

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Flodder 3 waard regissearre troch Dick Maas nei in senario fan himsels en Wijo Koek. Dat wie eins in gearfoeging fan 'e senario's foar trije noch ûnferfilme ôfleverings fan 'e komeedzjetillefyzjesearje Flodder. Dy searje wie basearre op 'e meast súksesfolle, earste film Flodder, út 1986. Flodder 3 wie dan ek net sasear in ferfolch op dy earste film en it dêropfolgjende Flodder in Amerika! (1992), mar mear in fuortsetting fan 'e tillefyzjesearje. Sadwaande waarden de rollen fan Johnnie en soan Kees Flodder yn Flodder 3, krekt as yn 'e searje, mar oars as yn beide eardere films, fertolke troch Coen van Vrijberghe de Coningh, resp. Stefan de Walle (ynstee fan Huub Stapel en René van 't Hof).

As produsinten wiene Maas en syn doetiidske sakepartner Laurens Geels by Flodder 3 belutsen foar harren studio First Floor Features en tillefyzjestjoerder Veronica. Geels wie ek útfierend produsint, wylst Maas teffens de filmmuzyk fersoarge. Foar de film wie in budget beskikber fan ƒ7,5 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Philip Hering, en de filmmontaazje waard dien troch Hans van Dongen.

De opnamen foar Flodder 3 setten oanslutend op it trêde seizoen fan 'e tillefyzjesearje útein op 21 septimber 1994 en duorren oant yn novimber fan dat jier. Der waard û.o. filme yn it stedhûs fan Rotterdam (de sênes op it stedhûs), it stedhûs fan Utert (de sêne yn it feilinghûs) en Huize De Paauw, it gemeentehûs fan Wassenaar (de sêne mei de trouwerij). Yn 'e film is ek in koart stikje te sjen fan in fuotbalwedstryd; dat wie de echte fuotbalwedstryd Ajax-Roda JC, dy't op 15 febrewaris 1995 ferspile waard yn Stadion De Meer yn Amsterdam.

Yn jannewaris 2014 publisearre Dick Maas op YouTube nea earder fertoand byldmateriaal fan Coen van Vrijberghe de Coningh, wêryn't dyselde ferslach die fan 'e gong fan saken op 'e filmset fan Flodder 3. It filmke mei in spyldoer fan in healoere hie oarspronklik bedoeld west foar de marketing fan Flodder 3, mar wie nea brûkt. Nei't it op YouTube beskikber kaam, waard it in grutte sjochsiferhit.

De distribúsje fan Flodder 3 waard fersoarge troch First Floor Features. De film gie op 29 juny 1995 yn 'e Nederlânske bioskopen yn premiêre, mar wie lang net sa'n grut kommersjeel súkses as de earste beide Flodder-films.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.