Fokker C.I | |
---|---|
Rol | Ferkenningsfleantúch |
Makker | Fokker |
Earste flecht | 1918 |
Ut tsjinst | 1936 |
Tal makke | 250+ |
Brûkers | Sjoch tekst |
Farianten | Sjoch tekst |
De Fokker C.I wie in Dútsk ferkenningsfleantúch, in twadekker dy't oan de ein fan de Earste Wrâldkriich ûntwurpen waard. It wie feitlik in fergrutte Fokker D.VII-jager mei in 138 kW (185 hk) BMW III-motor. De C.I waard ûntwurpen foar it Dútske leger, mar waard net ynset yn de oarloch. It slagge Anthony Fokker en smokkelje ûnderdielen út Dútslân wei nei Nederlân yn de tiid fan de wapenstilstân.
It prototype, V.38, waard teste yn Schwerin en fuortendaliks yn produksje naam. Nei de wapenstilstân gie de produksje fierder yn Nederlân.
Nei't 16 C.I's besteld wiene yn febrewaris 1919 kaam it tastel yn Nederlânske tsjinst. De Sowjet-Uny kocht 42 C.Is. De C.I's tsjinnen as ferkennings- en treningsfleantúch. De lêste C.I tsjinne oant yn 1936.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Fokker aircraft fan Wikimedia Commons. |