Fokker C.XIw | |
---|---|
Rol | Ferkenningsfleanmasine |
Makker | Fokker |
Earste flecht | 1935 |
Yn tsjinst | 1938 |
Ut tsjinst | 1942 |
Tal makke | 14 |
Brûkers | Keninklike Marine (Nederlân) |
De Fokker C.XIw wie in ferkenningsfleanmasine fan fleanmasinefabrikant Fokker dy't foar it earst fleach yn 1935.
De C.XIw wie ûntwurpen om mei in katapul fan in skip ôf lansearre te wurden. Nederlân hie op de kruser Hr. Ms. De Ruyter in Heinkel-katapul.
De Fokker C.XIw wie tradisjoneel boud: in romp fan staalbuis beklaaid mei linnen, fleugels mei in houten ramt foar in part beklaaid mei hout en diels mei linnen.