Fokker D.X (of D.10) wie in Nederlânske jachtfleanmasine, ûntwikkele krekt nei de Earste Wrâldkriich.
De haadûntwerper by Fokker, Reinhold Platz, tekene de Fokker D.VIII yn 1918. It wie in heech- en iendekker. Syn rotaasjemotor levere mar 82 kW (110 hk), mar it hie goede fleaneigenskippen. Der waarden 60 tastellen yn Dútslân boud.
Nei de kriich brocht Anthony Fokker syn fabryk oer nei Nederlân, dêr't de produksje fuortset waard. De D.X wie in fergrutte ferzje fan de D.VIII, en syn súkses bleau beheind. Tsien tastellen waarden oan Spanje ferkocht en ien oan Finlân, dy't tsjinst die yn 1923-24.