Fokker F.II

Fokker F.II


Rol Passzjiersfleantúch
Makker Fokker
Untwerper Reinhold Platz
Earste flecht oktober 1919
Yn tsjinst 1919
Ut tsjinst 1934
Tal makke 23 oant 25 (1919–1925)
Brûkers Deutsche Aero Lloyd, Deutsche Luft Hansa, KLM

De Fokker F.II wie in fan it Nederlânsk bedriuw Fokker boud fleantúch út jierren tsien fan de 20e iuw. It ûntwerp fan de F.II wie fan yngenieur Reinhold Platz en it wie it earste passazjiersfleantúch út de Fokker-fabriken. It prototype waard boud yn Dútslân dêr't ek de earste proefflecht wie yn 1919. Koart skoft letter waard de produksje oerset nei Veere yn Seelân.

De F.II wie in ienmotorich, dûbelblêdich propellerfleantúch, in heechdekker (apart yn it tiidrek fan de twadekkers) mei in healiepen cockpit en dûbele bestjoering. Efter de cockpit wie in kabine mei plak foar fjouwer passazjiers. Der waarden totaal 23 fan boud.

It Nationaal Luchtvaart-Themapark Aviodrome yn Lelystêd hat in replika fan in F.II yn de kolleksje.

Fokker F.II by KLM

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't KLM maaie 1920 har earste linetsjinst mei in leased fleantúch iepene hie tusken Skiphol en Londen ûntstie der by de doetiidske direkteur, Albert Plesman rillegau it ferlet fan eigen masines. Hy keas de Fokker F.II. Hy bestelde july 1920 2 masines foar it bedrach fan 45.000 gûne. De H-NABC en de H-NABD waarden op 25 augustus 1920 oerdroegen. Op 30 septimber wie de earste kommersjele flecht; in retourflecht tusken Skiphol en Londen. Oan board wiene neist de fleander, Plesman sels, in sjoernalist en in grûnwurktúchkundige.

De F.II's joegen fuortendaliks wriuwing tusken Plesman en Fokker. Dy lêste wie al út ein set mei de bou fan de Fokker F.III wêrfan't KLM der 8 bestelde. Plesman woe syn F.II's graach ynruilje. Fokker woe dat net. De F.II's bleaune sadwaande ek nei de levering fan de F.III's yn tsjinst by KLM (al waarden se mar út en troch ynset). Yn 1927 waarden se trochferkocht oan it Belgyske Sabena.

Technyske feiten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Fokker F.II (V.45)
Feiten
Bemanning 1–2
Passazjiers 4
Lingte 10,30 m
Spanwiidte 17,60 m
Hichte 3,70 m
Leechgewicht 1.650 kg
Startgewicht 2.300 kg
Krúsfaasje 130 km/o
Heechste faasje 150 km/o
Tsjinstplafond 4.000 m
Fleanberik 600 km
Motor ien wetterkuolle BMW IIIa-seissilinder-linemotor fan 136 kW (181 hk)

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]