De Fokker S.11 Instructor is in ienmotorige lesfleanmasine mei twa sitplakken en propelleroandriuwing. De fleanmasine hat in Lycoming O-435-A boksermotor mei in fermogen fan 190 hk.
Yn dit twadde nei-oarlochske ûntwerp fan Fokker sitte de ynstrukteur en de learling neist elkoar. It prototype, de PH-NBE, waard op 18 desimber 1947 troch Gerben Sonderman ynflein.[1]
Bysûnder oan dit tastel binne de grutte cockpit en de knikte poaten fan it lâningsgestel. Efter de sitplakken sit in bagaazjeromte, in tredde stoel of in ekstra brânstoftank fan 114 liter.[2] Dizze lesfleanmasine waard brûkt troch de Keninklike Loftmacht en de Keninklike Marine. Teffens waard it ferkocht oan Israel en yn lisinsje boud yn Itaalje en Brazylje.[3].
De S. 12 wie in ferzje mei in noastsjel..[4]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|