Fokker T.II | |
---|---|
Rol | Bomme- en torpedobommesmiter |
Makker | Fokker |
Earste flecht | 1921 |
Yn tsjinst | 1922 |
Ut tsjinst | om 1926 |
Tal makke | 3 |
Brûkers | Amerikaanske Marine |
De Fokker T-II wie it earste ûntwerp út de T-rige dy't feitlik boud waard. Der waard in bommesmiter- en torpedobommesmiter ferzje betocht. 1921 waarden trije tastellen troch de Amerikaanske Marine besteld, dy't hja fergeliken mei besibbe Ingelske en Amerikaanske ûntwerpen. Ein 1921 waarden sy yn Veere boud. Generaal Billy Mitchell brocht yn dy suorje in besite oan Europa en besocht ek it Fokkerfabryk om him dêr foarljochtsje te litten oer de nijste ûntjouwings. Ien fan dy syn piloaten teste de T-II en fernaam doe dat de fleanmasine frijwat sleau op de roeren reägearre. Fokker makke doe de sturt in meter koarter en dat holp. De trije tastellen waarden 1922 levere oan de U.S. Navy en waarden oantsjut mei F.T.1, de ôfkoarting fan Fokker Torpedo 1. De tastellen waarden mei fiif oaren test tusken oktober 1922 en maaie 1923. Lykwols kaam de Douglas DT-1 as bêste nei foaren. De F.T.1’s waarden dêrnei noch wol by de tiid brocht en oantsjut as F.T.2. Yn 1926 waarden de tastellen út tsjinst naam.