Folkert Idsinga

Folkert Idsinga
Algemien
Folsleine namme Folkert Lútsen Idsinga
Berne 22 desimber 1971
Berteplak Bakkefean
Partij VVD (oant 2023)
NSC
Titels drs.
Politike funksjes
2021-2024 lid Twadde Keamer
2024 steatssekretaris Fiskaliteit en Belestingtsjinst

Folkert Lútsen Idsinga (Bakkefean, 22 desimber 1971) is in Nederlânsk politikus. Fan 2 july oant 1 novimber 2024 wie er steatssekretaris Fiskaliteit en Belestingtsjinst.

Dêrfoar wie er fan 6 desimber 2023 ôf lid fan de Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal út namme fan de partij Nij Sosjaal Kontrakt (NSC). Fan 31 maart 2021 oant en mei 5 septimber 2023 wie er dat út namme fan de Folkspartij foar Frijheid en Demokrasy (VVD).

Oplieding en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Idsinga gie fan 1984 oant 1990 nei de gymnasium β op it Drachtster Lyseum. Fan 1990 oant 1996 studearre er fiskale ekonomy oan de Ryksuniversiteit Grins en helle er syn diploma yn 1996.[1] Hy wurke by accountantskantoar Arthur Andersen oant er yn 2002 in baan krige by Baker McKenzie. Idsinga wie dêr spesialisearre yn omsetbelesting en hy waard dêr partner yn 2004.[2][3] Fan 2003 oant en mei 2012 wie er haad fan de Jeropeeske Indirect Tax groep. Tusken 2004 en 2014 joech er tagelyk les as universitair dosint op de Frije Universiteit Amsterdam. Fan 2012 oant en mei 2015 wie er haad fan de NL tax group fan Baker McKenzie Amsterdam. Fan july 2015 oant 2017 wie er foaroanman-partner en ko-foarsitter fan de ried fan bestjoer fan it kantoar yn Amsterdam. Fan 2017 oant en mei 2018 wie er foaroanman-partner en foarsitter fan de ried van bestjoer. Hy bleau dêrnei wurkjen foar Baker McKenzie as partner.[4][5][6]

Politike karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Idsinga wie by de Twadde Keamerferkiezings fan 2021 de 33e kandidaat fan de VVD. Hy krige 483 stimmen en waard op 31 maart 2021 út namme fan de VVD beëdige a lid van de Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal.[7] Yn syn portefúlje hie er fiskale oangelegenheden en alle oangelegenheden fan 'e belestingtsjinst, finansjele ferhâldings tusken ryk en desintrale oerheden, eksportkredytfersekerings en –fasiliteiten, Holland Casino en Steatslotterij, Muntwêzen en Domeinen Replike Saken. Idsinga wie lid fan de kontaktgroepen Dútsklân, Ferien Keninkryk en Feriene Steaten en fan de fêste kommisjes foar Definsje, Digitale Saken, Ekonomyske Saken en Klimaat (plakferfangend), Jeropeeske Saken (plakferfangend), Finânsjes, Ynfrastruktuer en Wettersteat]] (plakferfangend) en de kommisje foar de Ryksútjeften.[8]

Doe't it fallen fan it kabinet-Rutte IV late ta eardere ferkiezings yn novimber 2023, makke Idsinga buorkundich en stel him net fannijs ferkiesber oan foar de VVD.[9] Op 5 septimber 2023, de earste Twadde Keamerdei nei it simmerskoft, makke er buorkundich net yn it parlemint werom te kearen. In pear wike letter bliek dat er him kandidaat steld hie as nûmer 13 op de kandidatelist foar de partij Nij Sosjaal Kontrakt fan Pieter Omtzigt.[10] Fan 6 desimber ôf wie er fannijs Keamerlid, dêr't er ditkear part fan de NSC-fraksje by waard.

Op 2 juli 2024 waard Idsinga steatssekretaris Fiskaliteit en Belestingtsjinst yn it nije kabinet-Schoof. As gefolch fan syn beneamen wie er fan doe ôf gjin lid mear fan de Twadde Keamer. Hy lei de amtseed ôf yn it Frysk.[11] Hoewol't er by syn oantreden ynsjoch jûn hie oer de grutte fan syn fermogen en it behear fan him ôfset hie, woe in Keamermearderheid op 30 oktober 2024 dat er syn oandieleportefúlje oant yn de puntsjes bekendmakke hie. Idsinga oardiele dat dêrtroch yn 't iepen oan syn ûnôfhinklikens twivele waard en it skieden fan syn saaklike belangen en it lânsbelang. Dat fûn er net te fertarren en bea dêrnei syn ûntslach oan.[12][13][14][15] Op 1 novimber 2024 krige er nei syn fersykjen dien, nei syn sizeen om't er net mear it betrouwen hie dat nedich wie. Idsinga sei as steatssekretaris net fierder te wollen en te kinnen, ek nei't de grutste koälysjepartij de Partij foar de Frijheid (PVV) him by it fersykjen ta it iepenbier meitsjen fan syn oandieleportefúlje oansleat.[16] Twa dagen nei't er ferfearn wie, joech er syn saaklike belangen publyk.[17] Op 12 novimber waard bekend dat Tjebbe van Oosterbruggen him opfolgje soe.[18]

Persoanlik libben

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Idsinga weenet yn Amsterdam.[19]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1 op de 10 kamerleden studeerde in Groningen. Ryksuniversiteit Grins (8 april 2021). Argivearre op 2 juny 2021. Oproppen op 29 maaie 202129 maaie 2021.
  2. Bouma, Hilda, "Je nek uitsteken en afwachten", Het Financieele Dagblad, 15 juny 2006. Argivearre op 2 juny 2021. Oproppen op.
  3. De Jongh, Hans, "Nog even wachten op btw-loket", Het Financieele Dagblad, 6 desimber 2004. Argivearre op 2 juny 2021. Oproppen op.
  4. Drs. Folkert Idsinga, De advocatenbank van de Jurist, oproppen op 2 april 2021
  5. Folkert L Idsinga, Bloomberg, oproppen op 2 april 2021. Argivearre op 10 july 2023.
  6. Idsinga en Banz nieuwe joint managing partners Baker & McKenzie, Taxence, 7 septimber 2015. Argivearre op 19 juny 2021.
  7. Uitslag Tweede Kamerverkiezing 17 maart 2021 Proces-verbaal (pdf) siden 14 en 157. Kiesraad (29 maart 2021). Argivearre op 15 april 2021. Oproppen op 29 maaie 202129 maaie 2021.
  8. Folkert Idsinga. Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal. Argivearre op 18 april 2021. Oproppen op 29 maaie 202129 maaie 2021.
  9. Jacobusse, Lars, "Exodus uit Den Haag: welke politici vertrekken er?", Elsevier Weekblad, 25 augustus 2023. Oproppen op.
  10. NSC van Omtzigt doet overal mee met verkiezingen, veel CDA'ers op lijst. NOS (26 septimber 2023). Oproppen op 2023-09-262023-09-26.
  11. [1]
  12. Kamerbrief staatssecretaris Idsinga met verklaring bij aftreden, rijksoverheid.nl
  13. Wilders wil openheid van Idsinga over diens beleggingen
  14. Waarin belegde staatssecretaris Idsinga (Fiscaliteit) zijn pensioen? Tweede Kamer wil meer helderheid wegens mogelijke belangenverstrengeling
  15. (ned) Staatssecretaris Financiën Folkert Idsinga (NSC) stapt op. RTL Nieuws & Entertainment (1 novimber 2024). Oproppen op 2024-11-012024-11-01.
  16. (ned) Staatssecretaris Idsinga (Financiën) afgetreden: 'Wordt openlijk aan mij getwijfeld' (1 novimber 2024). Oproppen op 2024-11-012024-11-01.
  17. Oud-staatssecretaris Idsinga deelt gegevens zakelijke belangen, twee dagen na vertrek (3 novimber 2024). Oproppen op 2024-11-032024-11-03.
  18. Kamerlid Van Oostenbruggen (NSC) nieuwe staats­secretaris Fiscaliteit. Financieel Dagblad (13 novimber2024). Oproppen op 14 novimber 202414 novimber 2024.
  19. Folkert Idsinga. Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal (31 maart 2021). Oproppen op 29 maaie 202129 maaie 2021.
 
Ministers en steatssekretarissen yn it kabinet-Schoof (PVV, VVD, NSC en BBB)
Ministers Dick Schoof (MP/AZ) • Fleur Agema (FP/VWS) • Sophie Hermans (FP/KGGEddy van Hijum (FP/SZGMona Keijzer (FP/VRO) • Marjolein Faber (A&M) • Judith Uitermark (BZKReinette Klevers (BHO) • Caspar Veldkamp (BZ) • Ruben Brekelmans (Def) • Dirk Beljaarts (EZ) • Eelco Heinen (Fin) • Barry Madlener (IW) • David van Weel (JV) • Femke Wiersma (LVVN) • Eppo Bruins (OCW)
Steatssekretarissen Eddie van Marum (BZK) • Zsolt Szabó (BZK) • Gijs Tuinman (Def) • Nora Achahbar (Fin) • Tjebbe van Oostenbruggen (Fin) • Chris Jansen (IW) • Ingrid Coenradie (JV) • Teun Struycken (JV) • Jean Rummenie (LVVN) • Mariëlle Paul (OCW) • Jurgen Nobel (OCW) • Vincent Karremans (SZW) • Vicky Maeijer (VWS)
Opstapt as steatssekretaris Folkert Idsinga wizigje