Fort

Fort Ellewoutsdijk yn Seelân, earder fort út 1837

In fort (fan it Latynske fortis, "sterk") is in militêr bouwurk of kampemint dat ynrjochte is om in garnizoen te herbergjen en sa makke is dat it gaadlik is om te ferdigenjen tsjin oanfallen troch de fijân. In fort is ornaris foarsjoen fan muorren, in palissade, wallen, greften en/of tuorren. It is by definysje in selsstannige, slettene en oan alle kanten ferdigenbere militêr fêsting. Ien fort kin ek bestean út ferskate, mei-inoar ferbûne fersterkings, lykas bunkers of kazematten. It ferneamde Belgyske Fort Eben-Emael, by Luik, is bygelyks opboud út santjin ûnderling ferbûne fortifikaasjes. Forten kinne ek yn in ring om in stêd hinne oanlein wêze; yn sokke gefallen sprekt men faak fan in 'gurdle' of in 'stelling'. Foarbylden binne de Stelling fan Amsterdam, de Stelling fan Antwerpen en de Fortegurdle fan Luik.

Bekende forten en skânsen yn Nederlân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]


Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch: dizze side.