Fort-Mahon-Plage is in kustplak yn it Frânske departemint Somme yn de regio Opper-Frankryk. It leit yn de gemeente mei deselde namme en hie yn 1999 1140 ynwenners.
It kustplak leit oan It Kanaal, de seestrjitte tusken Ingelân en Frankryk, yn de dunen en beskikt oer in moai fraai strân, dêr't yn 'e simmermoannen goed tahâlden is en in protte toeristen lûkt. Njonken it strân rint de promenade mei heaks dêrop de haadstrjitte mei winkels, kafees, restaurants en in kasino.