Foxwolde

Earder tolhûs

Foxwolde is in doarpke ± 1,5 km noardeastlik fan Roan, yn de gemeente Noordenveld in Drinte. Op 1 jannewaris 2008 wennen der 228 minsken.

De earste skriftlike ferwizing nei Foxwolde is in oarkunde út 1313, wêryn it doarpke Fokeswolde neamd wurdt. Yn 1382 wurdt de namme Fockeswolde brûkt en yn 1548 Foxwolde. De oarsprong fan de namme soe "it wâld fan Fokke (of Fokko)" wêze kinne, mar ek it foksewâld" (fokes, foks, fox: foks). It efterheaksel -wolde tsjut op in broekboskfegetaasje.

It doarp leit op in sânrêch yn in feangebiet, dat yn de Midsiuwen ûntgûn waard. Oarspronklik wienen de pleatsen yn en by it doarp mingde bedriuwen, mar nei de Twadde Wrâldoarloch kaam in omslach nei grutskalige feehâlderijen, wêrby't in soad houtwâlen sneuvelen. Beëasten Foxwolde leit it natoergebiet De Kleibosch.

De Grinzer politikus Drewes de Haan is berne yn Foxwolde.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: