Fragen fan Bartoloméus | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | anonimus | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | ûnbekend |
De Fragen fan Bartoloméus is algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel. Dit geskrift moat net betize wurde mei de Weropstanning fan Jezus Kristus (troch Bartoloméus), mar it is wol mooglik dat it identyk is oan it missende Evangeelje fan Bartoloméus. De saakkundigen binne der noch net oer út wannear't de Fragen fan Bartoloméus krekt datearre wurde moat. De tekst is oerlevere yn Grykske, Latynske en Aldtsjerkeslavyske hânskriften, dy't lykwols allegear frij bot faninoar ferskille op it mêd fan it taaleigen. De skriuwstyl hat wol wat wei fan dy fan 'e Iepenbiering fan Jehannes, mar is sensasjoneler. De tekst hat de foarm fan in dialooch tusken Jezus fan Nazaret en syn dissipels, dy't útlokke wurdt troch in stikmannich tige drystmoedige fragen, op it skandalige ôf, fan 'e dissipel Bartoloméus.
De Fragen fan Bartoloméus skynt yn 'e Aldheid frij populêr west te hawwen, wat it mooglik tanke oan syn wielderige beskriuwings fan it boppenatuerlike en ymplikaasjes fan it soarte dat de Sûndefal feroarsake waard trochdat Eva seksuële omgong hie mei de duvel. De tekst linet swier op 'e joadske mystyk, sa't dy bgl. ta utering komt yn it boek Henoch. Yn de Fragen fan Bartoloméus wurdt û.m. ferteld hoe't Jezus nei de hel en wer werom reizge wêze soe, en fierders wurdt útwreide oer de ûnbesmodzge ûntfinzenis en oer de fal fan Satan en de seishûndert ingels dy't mei him foelen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |