In fûgelkouwe is in kouwe dêr't in fûgel as húsdier yn hâlden wurdt. De kouwe soarget derfoar dat de fûgel net ûntkomme kin.
De traaljes fan in kouwe kinne makke wêze fan metaal of hout.
It bêste is en skaf in kouwe mei rjochte hoeken oan, omdat in fûgel yn in rûne kouwe syn oriïntaasje ferlieze kin. In kouwe hat trochstrings stokjes dêr't de fûgel op sitte kin en itens- en drinkbakjes. Op de boaiem leit sân, fochtopnimmende houtsnippels of corbo om de ûntlêsting maklik fuorthelje te kinnen. Oan de bûtenkant kin in badsje fêstmakke wurde sadat it bist him waskje kin.
Foar de measte fûgels is it nedich om in bakje mei grit en (fûgel)mineralen yn de kouwe te hawwen.
Yn gefal fan in parkyt is it wichtich dat de traaljes horizontaal rinne sadat er klimme kin. De ôfstân tusken de traaljes mei by lytse fûgels net te grut wêze, oars ûntkomme se of komme se fêst te sitten.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Bird cages fan Wikimedia Commons. |