Geheime Boek fan Jakobus

Geheime Boek fan Jakobus
algemiene gegevens
auteur anonimus
taal Aldgryksk (?)
foarm non-fiksje
sjenre religiosa
skreaun 100150 n.Kr.

It Geheime Boek fan Jakobus is in algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel. It is in pseudepigrafysk geskrift ûnder de namme fan Jakobus, de broer of healbroer fan Jezus (of mooglik ûnder de namme fan Jakobus de Rjochtfeardige), dat yn 'e regel datearre wurdt yn 'e twadde iuw, om sekuerder te wêzen de earste helte fan 'e twadde iuw. It Geheime Boek fan Jakobus jout in beskriuwing fan 'e geheime lear dy't Jezus Petrus en Jakobus bybrocht nei syn weropstanning út 'e dea, mar foar syn himelfeart. It is oerlevere yn ien inkeld skansearre manuskript dat yn desimber 1945 fûn waard troch twa boeren by it Egyptyske Nag Hammady, dêr't it mei in stikmannich oare gnostyske geskriften, wêrûnder it folle bekendere Evangeelje fan Tomas, yn in krûk bedobbe lei. Hoewol't de tekst in Koptyske oersetting út it Gryksk liket te wêzen, hâldt de wiere, anonime skriuwer yn 'e tekst sels út dat er it wurk yn it Hebriuwsk skreaun hat.

It Geheime Boek fan Jakobus hat de foarm fan in brief fan Jakobus oan immen waans namme oft troch de skea oan it manuskript net mear te lêzen is. De auteur wol hawwe dat Jezus 550 dagen nei syn weropstanning, mar foàr syn himelfeart (wat net strykt mei it tiidsferrin sa't dat beskreaun wurdt yn 'e bibelske kanon) geheime kennisse skonk yn in petear mei Petrus en Jakobus, mar dat inkeld Jakobus him begriep. De tekst liket net in protte mei de kanonike evangeeljes gemien te hawwen. In wichtich tema út it Geheime Boek fan Jakobus is dat men lijen akseptearje moat as eat dat net te mijen falt. Al mei al hinget it gekrift wat oer nei it gnostyske, mar kin it yn gjin inkele gnostyske sekte thúsbrocht wurde, en wurdt it sadwaande troch party saakkundigen hielendal net as in gnostysk geskrift beskôge. Opfallend is dat Jakobus omskreaun wurdt as dejinge dy't nei de himelfeart de oare apostels útstjoerd, wêrmei't oanjûn wurdt (sa't ek yn guon oare apokrife dokuminten it gefal is) dat Jakobus yn 't earstoan Jezus opfolge as lieder fan 'e kristlike beweging. Fierders liket it ramtferhaal dat foarme wurdt troch it brief, los te stean fan 'e rest fan 'e tekst, wat suggerearret dat it oarspronklik miskien selsstannige geskriften west hawwe, dy't neitiid oaninoar fêst redigearre binne.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Miller, Robert J., The Complete Gospels, 1992 (Polebridge Press), ISBN 0 94 43 44 496; s. 332-342.
  • Williams, Francis E., The Apocryphon of James (Introduction and Translation), yn: Robinson, James M., (red.), The Nag Hammadi Library, s. 29.
Apokrife teksten besibbe oan de Bibel
Apokrife boeken besibbe oan it Alde Testamint
Gebedens: Joazef | Manasse | Salomo | Geheime Boeken: Ezechiël | Jeremia | Himelfearten: Jesaja | Mozes | Iepenbierings: Abraham | Adam | Daniël (Gryksk) | Elía | Ezra (Gryksk) | Ezra (Joadsk) | Mozes | Sedrach | Sefanja | Serûbbabel | Psalmen: Lieten foar it Sabbatsoffer | Oaden | Psalm 151 | Psalmen 152–155 | Psalmen fan Salomo | Testaminten: Abraham | Adam | Izaäk | Jakob | Job | Mozes | Salomo | Tolve Aartsfaars | Oar: 1 Barûch | 2 Barûch | 3 Barûch | 4 Barûch | Boete fan Jamnes en Mambres | Brief fan Jeremia | Ester (Gryksk) | Ezra (Gryksk) | Ezra (Latyn) | Fizioen fan Ezra | Fragen fan Ezra | 1 Henoch | 2 Henoch | 3 Henoch | De Jakobsljedder | Jezus Sirach | Joazef en Asnat | Josippon | Jubileeën | Judit | Kommentaar op Habakuk | It Libben fan Adam en Eva | De Libbens fan de Profeten | 1 Makkabeeërs | 2 Makkabeeërs | 3 Makkabeeërs | 4 Makkabeeërs | 5 Makkabeeërs | Makkabeeërs (Etiopysk) | 1 Meqabyan | 2 Meqabyan | 3 Meqabyan | Mienskipsregel | Noäch | Oarlochsrôle | Pseudo-Ezechiël | Pseudo-Filo | Regel fan de Gemeente | Regel fan de Seinging | Reuzen | Skeel fan Adam en Eva mei Satan | Skiednis fan de Babyloanyske Ballingskip | Skiednis fan de Rekabiten | It Swurd fan Mozes | Taheakken op it Boek Daniël (Azarja • Suzanne • Bel en de Draak) | Tobit | Wysheid fan Salomo
Apokrife boeken besibbe oan it Nije Testamint
Berne-evangeeljes: Jakobus | Mattéus | Syrysk | Tomas | Brieven: Aleksandrinen | Apostels | Barnabas | 1 Klemins | 2 Klemins | 3 Korintiërs | Korintiërs oan Paulus | Laodikers | Oan de Romeinen | Petrus oan Filippus | Pseudo-Titus | Seneka de Jongere | Smyrneeërs | Strange Brief | Trallessiërs | Evangeeljes: Barnabas | Bartoloméus | Basilides | Diatessaron | Ebioniten | Egyptners (Gryksk) | Egyptners (Koptysk) | Filippus | Hebreeërs | Jakobus | Judas | Many | Marije Magdalena | Markus (Geheim) | Marsion | Mattias | Nazareners | Nikodémus | Petrus | Pilatus | Pseudo-Mattéus | Tomas | Wierheid | Geheime Boeken: Jakobus | Jehannes | Hannelingen: Andréas | Andréas en Mattias | Barnabas | Filippus | Jehannes | Ksantippe, Polyksena en Rebekka | Paulus | Paulus en Tekla | Petrus | Petrus en Andréas | Petrus en Paulus | Petrus en de Tolve | Pilatus | Timóteüs | Tomas | Iepenbierings: Paulus | Paulus (Koptysk) | Petrus | Petrus (Gnostysk) | Petrus (Koptysk) | Tomas | Underrjocht: Didachê | Kanons fan de Apostels | Underrjocht fan de Apostels | Oar: Boek fan Tomas | Boete fan Origenes | It Delkommen fan Marije | Fragen fan Bartoloméus | Hanneling fan Petrus | De Hoeder fan Hermas | It Libben fan Jehannes de Doper | Nepos | Passy fan Petrus en Paulus | De Skatspelonk | Traktaat oer de Weropstanning | Twadde Traktaat fan de Grutte Set | Underrjocht fan Silvanus | Weropstanning (Bartoloméus) | Wysheid fan Jezus Kristus