Gondershausen | ||
De haadstrjitte fan Gondershausen. | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
dielsteat | Rynlân-Palts | |
lânkring | Rhein-Hunsrück-Kreis | |
ferbânsgemeente | Hunsrück-Mittelrhein | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.269 (2022)[1] | |
Oerflak | 13,45 km² | |
Befolkingsticht. | 94 ynw./km² | |
Hichte | 371 m | |
Oar | ||
Postkoade | 56283 | |
Koördinaten | 50° 9'N 7° 29'E | |
Offisjele webside | ||
www.ortsgemeinde-gondershausen.de | ||
Kaart | ||
Gondershausen is in Ortsgemeinde yn 'e ferbânsgemeente Hunsrück-Mittelrhein yn 'e Rhein-Hunsrück-Kreis yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts.
De gemeente Gondershausen waard op 1 april 1969 nei de opheffing fan 'e eardere selsstannige gemeenten Niedergondershausen en Obergondershausen foarme.
Súd fan Gondershausen streamt de Baybach. Dêr stiet ek de Schmausemühle. De mûne is sûnt 1926 net mear yn bedriuw en wurdt hjoed-de-dei as hotel brûkt. In stikje fierder de stream del fan 'e Baybach is de Rabenlay, in markante rotsformaasje mei bysûnder planten, dy't oars folle súdliker foarkomme, lykas bygelyks de massale bloei yn 'e maart fan 'e iere stjerhyasint (Scilla bifolia).[2]
Yn it bosk by Gondershausen binne yn 2014 troch in kuierder op in útstekkende rots ynkervings fan trije hynderkes en in fierder ûnbekend bist tusken de 25 en 50 sm grut ûntdutsen. Neffens argeologen koe it wolris om foarstellingen gean, dy't yn 'e âlde stientiid ynkerve binne en mooglik sels 20.000 oant 25.000 jier âld wiene. Dat wie in sensaasje, om't sokke keunst allinne yn Súd-Frankryk en Spanje bekend wie. De fraach hoe't sokke ôfbylden de iistiid oerlibje koene, waard ferklearre mei it idee dat de bewurke rots tûzenen jierren troch in laach löss beskerme wie. Hjoed-de-dei bestiet der grutte twifel oer de âlderdom fan 'e ynskrassings. Undersyk fan it argeologysk ûndersykssintrum Monrepos by Neuwied rûst de ynkervings wol hiel âld, mar yn alle gefallen net út de tiid fan 'e âlde stientiid. Resten fan in lösslaach waarden net fûn en de stien (laai) is tige gefoelich foar de waarsomstannichheden, sadat it de ûndersikers fan Monrepos net oan wol dat de ynkervings de iistiid oerlibje koene. De hynderkes wurde no mooglik út de Romeinske tiid datearre. En dat komt oerien mei oare spoaren en fynsten, wêrút bliken docht dat de Romeinen yn Gondershausen taholden.[4]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|