De Gouden Ganzenveer is in Nederlânske literatuerpriis dy't útrikt wurdt troch de Akademy De Gouden Ganzenveer. De Akademy wol dêrmei in persoan as ynstitút lauwerje fanwege syn of har grutte betsjutting foar it skreaune wurd yn Nederlân.
De earste Gouden Ganzeveer waard 1955 takend, by it 75-jierrich bestean fan it Keninklike Nederlânske Utjouwersbûn .
Akademyleden yn 2008 wiene Gerlach Cerfontaine , Job Cohen , Bas Heijne , Francine Houben , Tom Lanoye , Geert Mak , Marita Mathijsen-Verkooijen , Atzo Nicolaï , Jeltje van Nieuwenhoven , Nelleke Noordervliet , Henk van Os , Alexander Rinnooy Kan , Paul Schnabel (foarsitter), Winnie Sorgdrager , Herman Tjeenk Willink en Bernard Wientjes .
De la Fontaine Verwey krijt Gouden Ganzenveer (1980)
1955 - Keninklike Nederlânske Akademy fan Wittenskippen
1957 - Adriaan Barnouw , histoarikus
1960 - Jan Hendrik Oort , stjerrekundige
1965 - Bram Hammacher , keunsthistoarikus
1980 - Herman de la Fontaine Verwey , bibletekaris en publisist
1983 - Bernard Lievegoed , psychoterapeut, sosjaal-pedagooch en publisist
1984 - Hans Freudenthal , wiskundige
1985 - Jan Tinbergen , ekonoom
1986 - Vereniging tot Behoud van Natuurmonumenten
1987 - Armando , skilder en skriuwer
1988 - Lou de Jong , histoarikus
1989 - Edward Schillebeeckx , O.P., teolooch
1990 - Lucas Reijnders , miljeukundige
1991 - Cultureel supplement, NRC Handelsblad
1992 - Arthur Lehning , sosjaal-histoarikus en auteur
1993 - Pierre H. Dubois en Simone Dubois , skriuwerspear
1996 - H.J.A. Hofland , sjoernalist
1999 - Nederlânsk Letterkundich Museum
2002 - Michaël Zeeman , literatuerkritikus[ 1]
2003 - Jan Blokker , skriuwer en sjoernalist[ 2]
2004 - Kees van Kooten , skriuwer[ 3]
2005 - Maria Goos , skriuwster[ 4]
2006 - Peter van Straaten , tekener en skriuwer[ 5]
2007 - Tom Lanoye , skriuwer[ 6]
2008 - Joost Zwagerman , skriuwer[ 7]
2009 - Adriaan van Dis , auteur[ 8]
2010 - Joke van Leeuwen , auteur, dichter, yllustrator en kabaretiêre[ 9]
2011 - Remco Campert , skriuwer[ 10]
2012 - Annejet van der Zijl , skriuwer[ 11]
2013 - Ramsey Nasr , dichter, skriuwer, akteur, en regisseur[ 12]
2014 - David Van Reybrouck , wittenskipper, kultuerhistoarikus, archeolooch en skriuwer [ 13]
2015 - Geert Mak , sjoernalist en skriuwer[ 14]
2016 - Xandra Schutte , essayist en haadredakteur
2017 - Arnon Grunberg , skriuwer
2018 - Antjie Krog , dichter
2019 - Ian Buruma , sjoernalist, publisist
Boarnen, noaten en/as referinsjes: