Gustav Franz Wagner (berne op 18 july 1911 yn Wenen, Eastenryk - ferstoarn op 3 oktober 1980 yn São Paulo, Brazylje) wie in Eastenrykske SS-ofsier en plakferfangend kampkommandant yn it konsintraasjekamp Sobibór yn Poalen, dêr't likernôch 250.000 joaden fergast binne.
Gustav Wagner hie in oplieding hân as monteur en waard yn 1931 lid fan de NSDAP yn Wenen, op in stuit dat it noch ferbean wie. Fanwegen it bekladderjen fan heakkekrusen en it oanplakken fan nazypropaganda waard er arrestearre. Om te ûntkommen oan mear swierrichheden mei de autoriteiten ferliet er yn 1934 Eastenryk. Ynearsten waard er yn Dútslân lid fan de SA, mar tsjin it ein fan de jierren 1930 foege er him by de SS. Fanôf likernôch 1930 naam er yn it Eutanasysintrum Hartheim by Linz diel oan de moard op minsken mei in beheining yn ramt fan it Aktion T4. Dêr wie Wagner ferantwurdlik foar it ferbaarnen fan liken. Hy learde dêr ek Franz Stangl kennen, dêr't er in goede bân mei krige.
De goede bân mei Stangl droech by oan syn beneaming yn maart 1942 as plakferfanger fan Stangl. Fanôf septimber 1942 waard Wagner beneamd ta plakferfanger fan Franz Reichleitner yn it ferneatigingskamp Sobibór. Dêr krige er de rang fan SS-Oberscharführer en koe er by de oankomst fan treinen kedieze oer wa't noch efkes trochlibje mocht en wa't fuort nei de gaskeamers koe.
Foar syn prestaasjes yn Sobibór joech Heinrich Himmler Wagner it Izeren Krús. Himmler omskreau Wagner as ien fan de meast fertsjinstlike manlju fan de Aktion Reinhardt. Foar de finzenen wie Wagner in sadist, dy't ek oaren ta tamtearjen en moardzjen oansette. Ien dy't it oerlibbe sei dat Wagner nea nei it middeisiten gyng, sûnder earst immen dea te dwaan. Gustav Wagner krige dan ek in rige bynammen, lykas 'it bist fan Sobibór', de 'slachter', de 'laitsjende deadsingel' en welfel (jiddysk foar wolf).
Nei de opstân fan Sobibór op 14 oktober 1943 krige er it befel it kamp te sluten. Hy waard nei Itaalje stjoerd, dêr't er ek it sines bydroech oan de Endlösung. Tsjin it ein fan de Twadde Wrâldkriich siet er yn Jûgoslaavje. De Amerikanen pakten Wagner op, mar hy wist út te naaien.
Hy wurke letter ûnder in falske namme yn de bou yn Graz en wist tegearre mei syn kammeraat Franz Stangl oer Syrje nei Brazylje te reizgjen. Dêr krige Wagner op 12 april 1950 in permaninte ferbliuwsfergunning ûnder de falske namme "Günther Mendel".
Nazy-jager Simon Wiesenthal wist him lykwols op te spoaren en op 30 maaie 1978 waard er arrestearre. Op it plysjeburo waard er troch Stanisław Szmajzner, ien fan de 47 finzenen dy't Sobibór nei de flecht oerlibben, identifisearre. Der binne útleveringsfersiken troch Israel, Eastenryk, Poalen en Dútslân yntsjinne, mar de Braziliaanske rjochterlike macht wiisde alle fersiken ôf.
Yn in fraachpetear op 18 juny 1979 by de BBC die bliken dat Wagner gjin spyt hie fan syn misdieden. Hy sei "Ik hie der gjin gefoel by.... It wie gewoan wurk foar my. Op frije jûnen praten wy nea oer it wurk, wy dronken en wiene oan it kaarten. Neffens syn advokaat makke Gustav Wagner yn oktober 1980 himsels fan kant, itjinge betwifele wurdt. Hy waard dea oantroffen mei in mes yn it boarst en is stoarn as in oertsjûge nazy.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Gustav Wagner (SS-Mitglied) |