Gustavo Rojas Pinilla

Gustavo Rojas Pinilla

Gustavo Rojas Pinilla (Tunja, 12 maart 1900 - Bogota, 17 jannewaris 1975) wie in Kolombiaansk militêr diktator en politikus. Yn 1966 en 1970 wie hy presidintskandidaat.

Op 13 juny 1953 fierde Rojas Pinilla in kûp út, dêr't hy stipe by krige fan Liberalen en de Konservativen. Tusken 1953 en 1957 wie hy de lieder fan in militêre diktatuer. Doe't hy stoppe kamen de twa grutte politike partijen oerien om bar it bestjoer fan it lân oer te nimmen.