Hagestein is in doarp yn de lânstreek Fiifhearelannen oan de rivier de Lek, en wie fan 1986 oan 2019 diel fan de eardere gemeente Fianen, dat sûnt 2002 ûnder de Nederlânske provinsje Utert foel. De gemeente Fianen waard op 1 jannewaris 2019 opheft en by de nije Utertse gemeente Fiifhearelannen foege. Hagestein hat in herfoarme tsjerke en in basisskoalle.
Foardat it slot Hagestein boud waard, hiet de delsetting "Gasperde". Yn 1382 krige Gasperde stedsrjochten fan Jan V fan Arkel, mar yn 1405 waard it oan de grûn ta ôfbrutsen. Letter ûntstie op it plak fan Gasperde it plak Hagestein. Op 1 jannewaris 1812 waard Hagestein by de gemeente Everdingen foege, om dêr op 1 jannewaris 1818 wer fan ôfsplitst te wurden. Op 1 jannewaris 1821 gie Hagestein fan de provinsje Utert oer nei de provinsje Súd-Hollân. De gemeente waard op 1 jannewaris 1986 opheft en by Vianen foege. Tegearre mei Vianen waard Hagestein yn 2002 wer in diel fan de provinsje Utert.
Yn 1251 droech Gysbert fan Gevengoie (fan Goye) slot Hagestein op oan greve Otto II fan Gelre. Hy krige it dêrnei, lykas destiids wenst wie, wer as erfliene werom. Dêrnei belanne it yn hannen fan Jan V fan Arkel dy 't yn 1382 stedsrjochten ferliende oan Gasperden. Nei de ferovering op Jan V fan Arkel yn 1405 troch Willem VI, greve fan Hollân, waard it kastiel lykas it stedsje Gasperden oan de grûn ta ôfbrutsen wêrby 't de stedsrjochten ferlern giene.
Omdat de biskop fan Utert, Freark III fan Blankenheim, meiholpen hie by de ferovering krige dy as dank de sizzenskip oer Hagestein. Sûnt 1510 wie Hagestein mienskiplik besit fan de kapittels fan de Dom en fan Aldmunster yn Utert. Hja lieten der yn 1583 nei ûntwerp fan Marcelis Keldermans en Willem fan Noort in nij slot bouwe: Hagestein II. Ek dit kastiel waard úteinlik, yn 1855, ôfbrutsen. De kapittels ferkochten Hagestein yn 1675 oan George Freark fan Waldeck-Eisenberg, dy't ek greve fan Culemborg wie.
Hagestein is benammen bekend troch de stuw yn de Lek by dit plak.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Hagestein fan Wikimedia Commons. |