Hagia Sofia (Trabzon)

Hagia Sofia

Ἁγία Σοφία / Ayasofya

bouwurk
lokaasje
lân Turkije
plak Trabzon
adres Fatih, 61030 Ortahisar
koördinaten 41°0'N 39°41'E
bysûnderheden
type bouwurk oarspronklik tsjerke, dêrnei moskee en museum
boujier 1238-1263
boustyl Byzantynske arsjitektuer
kaart
Hagia Sofia (Turkije)
Hagia Sofia

De Hagia Sofia of Aya Sofia (Gryksk: Ἁγία Σοφία, dat oerset Hillige Wiisheid betsjut; Turksk: Ayasofya) wie oarspronklik in tsjerke en letter in moskee en museum yn Trabzon yn it east fan Turkije. It monumint leit wat bûten it sintrum fan 'e stêd en giet werom op 'e 13e iuw, doe't Trabzon de haadstêd wie fan it Gryksk-Byzantynske Keizerryk Trebizonde. De tsjerke wurdt omskreaun as ien fan 'e moaiste foarbylden fan Byzantynske arsjitektuer en waard nei in fûle striid op oanhâldend oantrunen fan 'e Turkske oerheid yn 2013 wer in moskee.

De Hagia Sophia waard yn 'e jierren 1238-1263 ûnder it bewâld fan Manuel I boud yn it doetiidske Keizerryk Trebizonde. Nei alle gedachten foarme de tsjerke ûnderdiel fan it kleaster dat dêrnjonken lei. Yn 1427 bouden hannelers út Genua by de tsjerke in frijsteande klokketoer. De toer, dy't ek brûkt waard foar de astronomy, is dekorearre mei in soad fresko's.

Byzantynske earn oan 'e muorre.

De oermastering fan 'e stêd troch de Ottomaanske sultan Mehmet II op 26 oktober 1461 betsjutte it ein fan 'e lêste Byzantynske steat yn Anatoalje. Om't de tsjerke bûten de stedsmuorren lei waard de tsjerke net fuortendaliks omboud ta moskee. Dat barde pas in iuw letter, yn 1584. By de ombou fan 'e tsjerke ta in moskee ferdwûnen de fresko's fan 'e tsjerke ûnder in laach witerskalk.

Fanwegen de net sa sintrale lizzing fan 'e moskee rekke it gebou yn 'e rin fan 'e tiid yn ferfal. Yn 1864 waard foar it earst in restauraasje útfierd troch Riza Efendi út Bursa. Doe de Russen yn it begjin fan 'e 20e iuw Trabzon oermasteren, tsjinne de moskee tydlik as hospitaal en foar opslach.

Sûnt de foltôging fan in restauraasje yn 1964 wie de Hagia Sofia in museum en krige it de namme Ayasofya Müzesi. De fresko's dy't doe foar it ljocht helle waarde binne unike foarbylden fan 'e Byzantynske paleologyske renêssânse. De tún fan 'e Hagia Sofia is ornearre foar âlde fynsten en Ottomaanske grêven fan û.o. bekende persoanen. [1] Yn 'e jierren 2010 lansearre de Turkske oerheid in kampanjne om Byzantynske tsjerken dy't in museumfunksje krige hiene te feroarjen yn moskeeën. Yn 2013 waard in diel fan de tsjerke wer in moskee.

Yn 2015 die de út de omkriten ôfkomstige Gryksk-Russyske sakeman Ivan Savvidis it útstel om fan eigen jild foar de moslims in nije moskee yn Trabzon te bouwen en de nijbou oer te dragen oan 'e stêd, as dêrmei de Hagia Sofia de oarspronklike funksje as tsjerke werom krije soe.[2] Dochs bleau de Hagia Sofia in moskee en yn 2017 waarden plannen fan 'e oerheid bekend om de Hagia Sofia te restaurearjen. Underdiel fan 'e restauraasje wie ek it oanbringen fan in elektronysk systeem dat foar de muorren set wurde kin om de kristlike fresko's op gebedstiden te ferbergjen.[3]

Symboalen fan 'e evangelisten yn it ferwulft fan 'e narteks.

Sûnt de AKP, de partij fan Recep Tayyip Erdoğan, it Turkske regear foarmet is de rop om âlde Byzantynske tsjerken om te foarmjen ta moskeeën tanommen. It regear spilet in aktive rol yn 'e islamisearring fan 'e âlde monuminten. Yn 2012 sei fise-premier Bülent Arınç der nei te stribjen om fan 'e Hagia Sofia yn Trabzon wer in moskee te meitsjen. Neffens him besette it Ministearje fan Kultuer en Toerisme de tsjerke yllegaal en koe der foar de eardere tsjerke gjin oare funksje as in islamitysk gebedshûs bestean. Nei't earder yn 2011 al de Hagia Sofia fan Niseä (İznik) as tsjerke mei in hege symboalyske wearde yn 'e skiednis fan it Kristendom troch de Turkske autoriteiten yn in moskee omfoarme wie, [4] waard yn april 2013 de Hagia Sofia fan Trabzon nei in lange juridyske striid tawiisd oan 'e islamityske stifing "Sultan Mehmet". Protesten út binnen- en bûtenlân wiene om 'e nocht en mei in gebedstsjinst waard de tsjerke noch foar de Ramadan as moskee yn gebrûk nommen. [5] It islamisearjen fan it gebou hie fan gefolgen dat in diel fan 'e kristlike fresko's efter gerdinen ferstoppe waarden, wylst de âlde klokketoer as minaret yn gebrûk nommen waard. De Turkske Assosiaasje fan Archeologen wie poerlilk en liet witte: "de ferneatiging fan it eigendom fan in museum as de Hagia Sofia, dat tafoege wurde kin oan it wrâlderfgoed, is in misdie tsjin de kultuer en it minskdom". Tsjinstanners beskuldigen it regear dat it de frijheid fan godstsjinst beheinde ta de frijheid fan 'e soennityske moslims.[6].

De eardere tsjerke foarmet in wichtich foarbyld fan 'e letbyzantynske arsjitektuer. De tsjerke hat in hege sintrale koepel, dy't op fjouwer massive pylders droegen bôgen rêst. Under de koepel is de flier bedutsen mei in kleurryk mozayk fan opus sectile. Troch de portiken op it noarden en suden kriget it monumint in krúsfoarmich grûnplan. De Hagia Sofia is 22 meter lang, 11,6 meter breed en 12,7 meter heech. West fan 'e tsjerke stiet in 40 meter hege klokketoer út 1427, wêrfan't it ynterieur ek mei fresko's fersierd is. De fresko's stellen foar it grutste part Nij-Testamintyske sènes foar en waarden yn 'e jierren 1958-1964 troch saakkundigen fan 'e Universiteit fan Edinburgh yn gearwurking mei de oerheid restaurearre. De fersierings op 'e bûtenmuorren ferwize nei lokale tradysjes fan Armeenske en Georgyske tsjerken.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: