Tink derom dat de Wikipedy gjin medyske konsultaasje jout! |
In hakkespoar of spina calcanei is in ferkalking of ferbonking fan de foetfaskia oan de hakkebonke (calcaneus). It is ien fan de symptomen fan in plantêre faskiïtis (ûntstekking fan de foetfaskia).
As in foet bleatsteld wurdt oan konstante oerbelêstiging (stress), heapje har kalsiumôfsettings op oan de ûnderkant fan de hakkebonke. [1] Oare oarsaken kinne platfuotten, holle fuotten, oergewicht of te min dimping yn de skuon wêze. Herhelle skea kin der foar soargje dat dizze ôfsettings har op elkoar steapelje, wêrtroch 't in spoarfoarmige misfoarming ûntstiet, in calcaneale (of hakke) útrinner neamd.
In hakkespoar op himsels jout gjin klachten, de ûnderlizzende oarsaak (de faskiïtis) wol. 'Hakkespoar' is dus gjin oandwaning op himsels en kin foarkomme sûnder pine of letsel.
Hakkespoar kin oergean troch rêst hâlde, rekoefeningen dwaan, it dragen fan goede skuon of it brûken fan ynlissoaltsjes. [2] As de pine net oergiet is it ferstannich om in arts of terapeut yn te skeakeljen. [3]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |