Hamilton Somers Luske (Chicago, 16 oktober 1903 - Bel Air, 18 febrewaris 1968) wie in Amerkaanske animator en filmregisseur.
Hy kaam yn 1931 by de Walt Disney Productions animaasjestudio. By de produksje fan de film Snow White and the Seven Dwarfs wie er de haadanimator dy't ferantwurdlik wie foar it útbyldzjen fan Sniewytsje. Yn dy rol kaam er op it idee om akteurs as libbene modellen foar de animaaasjes te brûken. Nei it súkses fan 'Sniewytsje' regissearre en mei-regisearre ferska Disneyprojekten, ûnder oaren de koarte film Ben and Me dy't in Oscarnominaasje krige.
De film Cinderella, regissearre troch Hamilton Luske, wûn de Gouden Bear yn 1951. Yn 1965 wûn er, tagelyk mei Peter Ellenshaw en Eustace Lycett, de Academy Award foar spesjale effekten foar de film Mary Poppins.
Yn 1999 waard Luske postúm eare as ien fan de Disney Leginden.
Yn 2016 krige er de Retro Hugo Award foar Pinocciho.
In kar:
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side. |