Hannelingen fan Petrus en de Tolve | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | anonimus | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 2e iuw |
De Hannelingen fan Petrus en de Tolve is in algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel. It is in gnostysk geskrift, dat yn desimber 1945 fûn waard troch twa boeren by it Egyptyske Nag Hammady, dêr't it mei in stikmannich oare gnostyske teksten, wêrûnder it folle bekendere Evangeelje fan Tomas, yn in krûk bedobbe lei. De Hannelingen fan Petrus en de Tolve bestiet út twa ûnderskate dielen: in allegory, folge troch in gnostyske útlis fan 'e betsjutting dêrfan. De allegory hat foar 't neist oarspronklik in selsstannige tekst west, en wurdt as sadanich datearre yn 'e twadde iuw.
Yn 'e allegory wurdt in ferhaal beskreaun dat yn foarm tige oerienkomt mei de Likenis fan de Pearel, yn it Evangeelje fan Mattéus. In pearelkeapman hat in tige djoere pearel te keap. De riken mije him, mar de earmen kloftsje om him hinne gear, en krije fan him te hearren dat er de pearel net by him hat, mar thús bewarret, yn in stêd dy't "Njoggen Poarten" hjit. Dyjingen dy't de pearel hawwe wolle, moatte de gefaarlike en lange tocht dêrhinne ûndernimme. De namme fan 'e keapman is Lithargoël, wat neffens de tekst "lichte, fûnkeljende stien" betsjut; d.w.s. de keapman is sels de "djoere pearel". Uteinlik bringt er oan it ljocht dat er Jezus fan Nazaret is.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: External links, op dizze side. |