Hassnae Bouazza (Arabysk: حسناء بوعزة. Oujda, 13 oktober 1973) is in Marokkaansk-Nederlânske sjoernaliste, skriuwster, kollumniste, fertaalster en programmamakster.
Se is berne yn'e stêd Oujda tichteby de Algerynske grins. Se ferliet Marokko mei har famylje om har by har heit te foegjen dy't al yn Nederlân wie, as gastarbeider. Se kaam yn Arkel (yn Súd-Hollân) te wenjen, dêr't de famylje Bouazza de iennichste Marokkaanske húshâlding wie.
Bouazza studearre Ingelske taal- en letterkunde oan de Universiteit Utert. Se skriuwt kollums foar Vrij Nederland en Frontaal Naakt en wurket as programmamakster by de VPRO. Se is bekend fanwegen it bepraten fan ûnderwerpen dy 't taboe binne yn de Arabyske wrâld, lykas pornografy. Hassnae is de suster fan skriuwer Hafid Bouazza silger.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|