Heimerzheim

Heimerzheim
Burg Heimerzheim
Burg Heimerzheim
Bestjoer
Lân Dútslân
Provinsje Noardryn-Westfalen
Gemeente Swisttal
Sifers
Ynwennertal 6.474 (3-1-2022) [1]
Oerflak 16,94 km²
Befolkingsticht. 130 ynw. / km²
Hichte 126–162 meter boppe seenivo
Oar
Postkoade 53913
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 50° 43' N 6° 55' E

Heimerzheim is in plak yn de Dútske gemeente Swisttal yn de dielsteat Noardryn-Westfalen. It is it grutste plak fan de gemeente.

Heimerzheim leit westlik fan Bonn yn it Naturpark Rheinland op in hichte fan 156 meter. Troch Heimersheim rint de Swist.

Heimerzheim waard foar it earst yn 1074 neamd. Doe hearde it plak by it Keulske Kunibertusstift.

Tusken healwei de 19e iuw oant yn de Twadde Wrâldkriich hie Heimersheim in joadske mienskip. In part fan it joadske begraafplak is oan de Dornbuschweg noch oanwêzich. Yn de Twadde Wrâldkriich leine der twa militêre fleanfjilden yn de omkriten fan Heimerzheim. Om foar de alliearde striidkrêften de tagong nei Bonn ôf te sluten waard foar de ferdigening in fjirtich kilometer lange rinfuorge om Heimerzheim groeven. Dat hie fan gefolgen dat it plak op 3 maart 1945 swier bombardearre waard. By dat bombardemint op Heimerzheim ferstoaren 180 minsken. Ta harren neitins waard yn 1959 in earebegraafplak oanlein.

Heechwetter yn 2021

Nei de Twadde Wrâldkriich krige it doarp oant yn de jierren 1980 in soad nijbou. It tal ynwenners woeks yn de tuskentiid fan 1500 oant mear as 6000 ynwenners.

Yn 1969 ferlear de gemeente Heimerzheim (mei it doarp Dünstekoven) syn selsstannigens en yndield by de nij stifte gemeente Swisttal.

Op 11 augustus 1986 besocht in fertsjintwurdiger fan de linkse terroristyske groep Kämpfende Einheit Crespa Cepa Gallende in oanslach út te fieren op de kazerne fan de Bundesgrenzschutz (tsintwurdich de Bundespolizei) yn Heimerzheim. De lokale plysje wist de dieder op te pakken, dy't letter feroardiele waard.

Yn 1961 en 1984 hie it doarp in soad lêst fan heech wetter. Yn july 2021 waard nei swiere rein it sintrum fan it doarp oerspield troch in hege floed.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Heimerzheim hat twa boargen: de Burg Kriegshoven yn it noarden en de Burg Heimerzheim yn it suden. Bûten it doarp stiet de Eiserner Mann, in izeren stêle, dat sûnt 1625 as grinspeal tsjinne.

Heimerzheim is oarspronklik in katolyk doarp. Yn 1925 wie de befolking noch hast folslein roomsk. Fral nei de jierren 1970 feroare dat, doe't it protestantske oandiel yn de befolking groeide en it katolike oandiel ôfnaam.[2] De klassisistyske roomske Sint-Kuniberttsjerke út 1847 is ûntwurpen troch Ernst Friedrich Zwirner. De protestantske Marije Magdalenatsjerke is in modern gebou.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch op dizze side.

  1. Side gemeente Swisttal
  2. Side gemeente Heimerzheim