Hendrik Goeman Borgesius (Schildwolde, 11 jannewaris 1847 - De Haach, 18 jannewaris 1917) wie in liberaal politikus.
Goeman Borgesius studearre rjochten yn Grins. Hy wie fan 1868-170 learaar yn de ekonomy en steatsynrjochting yn Snits en doe noch in jier yn Arnhim.
Dêrnei waard Borgesius oant 1877 haadredakteur fan Het Vaderland, oant hy keazen waard ta lid fan de Twadde Keamer. Fan 1897-1901 wie hy minister fan Binnenlânske Saken yn it ministearje-Pierson-Goeman Borgesius en yn 1905 waard hy, nei it ôfgean fan it ministearje-Kuyper, kabinetsformateur, sûnder dêrby sels yn it nije ministearje (De Meester) sitting te nimmen.
Borgesius hearde ta de progressive liberalen, wie lang foarsitter fan de Liberale Uny, bleau by de skuorring yn 1901 (oprjochting fan it Frijsinnich-Demokratysk Bûn) de Uny trou en droech yn 1913 in soad by ta de foarming fan de Konsintraasje. Yn 1886 waarden troch syn inisjatyf de wetten op de berne-arbeid útwreide.
Syn sosjale ynstelling late der ek ta dat hy as minister de learplichtwet en de wente- en sûnenswetten oannomd krige. Dêrneist wie Borgesius lang aktyf by de drankbestriding. Hy publisearre in soad yn it links-liberale wykblêd Vragen des Tijds en fierders yn de Sutfenske Krante, as foarsitter fan it Folksbûn tsjin Drankmisbrûk.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Hendrik Goeman Borgesius fan Wikimedia Commons. |