Henk-Jan Held

Henk-Jan Held
sporter
persoanlike bysûnderheden
echte namme Hendrik Jan Held
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 12 novimber 1967
berteplak Renswâld
lingte 2,01 m
gewicht 93 kg
sportive ynformaasje
sport Follybal
O.S. Barcelona 1992,
Atlanta 1996
karriêre-ein 2008
wichtige prestaasjes
1x goud Olympyske Spullen 1996
1x sulver Olympyske Spullen 1992

Hendrik Jan (Henk Jan) Held (Renswâld, 12 novimber 1967) is in eardere Nederlânsk follyballer, tsjintwurdich is er ek follybaltrainer. Sûnt 22 maart 2011 is Henk-Jan Held assistint-trainer fan de manljusploech fan Nederlân.

Hy beheart ta de gouden generaasje dy't yn 1996 Olympysk kampioen waard yn Atlanta. Henk-Jan Held wie ien fan de spilers dy't meidie oan it Bankrasmodel, dat model brocht de spilers ta twa medaljes op de Olympyske Spullen.

Henk-Jan Held die twaris mei oan de Olympyske Spullen. Yn 1992 waard er by de Simmerspullen yn Barselona mei de Nederlânske ploech twadde efter Brazylje. Fjouwer jier letter wie er lid fan de Nederlânske ploech dat goud ferovere yn Atlanta troch Itaalje yn de finale mei 3-2 te ferslaan. Sûnt 2001 hat Held de Italjaanske nasjonaliteit. Om't Itaalje nea Olympysk goud wûn hat, is Held de ienige Italjaan mei Olympysk goud yn it follybal. Yn totaal hat Henk-Jan Held 375 ynterlannen spile foar de Nederlânske ploech.[1]

Yn maaie 2008 beëinige Held syn karriêre yn de âldens fan 40 jier. Nei syn aktive karriêre besleat er om follybaltrainer te wurden. Sa waard op 22 maart 2011 bekend dat er assistint-trainer wurde soe fan de Nederlânske manljusploech. Hy sil dêrby âld-ploechgenoat Edwin Benne assistearje, dy't Peter Blangé opfolget. As wichtichste doelstelling hat it twatal it heljen fan de Olympyske Simmerspullen fan 2016 yn Rio de Janeiro. Henk-Jan Held sil sowieso oant 2012 de rjochterhân wêze fan Edwin Benne.[2] [3]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: