Hippolytushoef | ||
Bestjoer | ||
Provinsje | Noard-Hollân | |
Gemeente | Hollâns Kroan | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 5.070 (1 jannewaris 2023) | |
Oar | ||
Postkoade | 1777 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 54 'NB, 4° 57 'EL | |
Kaart | ||
Hippolytushoef is in doarp yn 'e Noard-Hollânske gemeente Hollâns Kroan. It wie it grutste doarp fan 'e eardere gemeente Wieringen en yn it doarp stie it gemeentehûs fan 'e gemeente Wieringen. Hippolytushoef hat 5.070 (1 jannewaris 2023)[1] ynwenners.
It plak waard yn 'e 14e iuw neamd as 'Ypolshof'. Dy plaknamme soe ôflaat wêze fan in pleats dy't der eartiids stien hat. Lokaal wurdt it plak oantsjutten as Hippo of gewoan dörrep (doarp). Troch it fertier en it grutte tal kafees stie Hippolytushoef yn 'e 19e en 20e iuw bekend as 'Lyts Parys', mei as hichtepunt de merketiid. Yn 'e rin fan 'e jierren 1960 rûn it tal kafees werom. Tsjintwurdich binne der noch mar in pear oer. Allinnich by in merketiid kin men noch wat fernimme hoe't it doe west hawwe moat yn 'e 19e en 20e iuw.
De Hippolytustsjerke leit op in keunstmjittige hichte yn 'e midden fan it doarp. De basis fan 'e toer is fan dowestien en komt út de 12e iuw. De toer waard yn 'e 15e iuw ferhege (bakstien) en krige doe in mitsele spits. It oarspronklike romaanske of iergoatyske skip fan 'e tsjerke is yn 1674 troch in orkaan ferneatige. Yn it nei dy ramp werboude skip binne brânskildere ramen set. Fan dy ramen (makke yn 1676) is allinnich dat fan it Noarderkertier oer. De tsjerke hat sûnt it begjin fan 'e 14e iuw wijd west oan 'e tsjerkfaar Hippolytus.
Yn Hippolytushoef steane fierders de doperske fermanje, in tsjerkje út 1861, de katolike tsjerke út 1868 en de protestantske Ankertsjerke fan nei de Twadde Wrâldoarloch.
Krekt bûten it doarp is it Museum 'Allerhande' ûnderbrocht yn in 100 jier âlde pleats. Yn it museum wurdt âld ark en âld guod útstald. De nôtmole 'De Undernimming' is in muonts út 1851 en stiet oan it begjin fan it doarp.
Troch dit plak rint de Europeeske wannelrûte E9, ek wol North Sea Trail of Hollânsk Kustpaad neamd. De E9 rint by de kust lâns fan Portegal nei de Baltyske steaten.
Oan 'e Belt leit in kombinearre sportfjild mei sporthal, dêr't de fuotbalklup Succes en de hânbalklup Tonegido spylje en dêr't de tennisfjilden 'TC Hippo' by lizze.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Gemeente Hollâns Kroan | ||
---|---|---|
Doarpen: Anna Paulowna • Barsingerhorn • Breesân • Den Oever • Haringhuizen • Hippolytushoef • Kolhorn • Kreil • Kreileroord • Lutjewinkel • Middenmeer • Nieuwe Niedorp • Nieuwesluis • Oosterland • Oude Niedorp • Slootdorp • Stroe • Van Ewijcksluis • 't Veld • Westerland • Wieringerwaard • Wieringerwerf • Winkel • Zijdewind | ||
Utbuorrens: De Haukes • Kleine Sluis • Moerbeek • Vatrop • Verlaat (foar in part) • Westerklief | ||
· · |