Histoaryske fantasy is in subsjenre fan 'e fantasy en de histoaryske fiksje dat dy beide literêre sjenres mei-inoar fermingt. Romans, novelles en koarte ferhalen út dit subsjenre hawwe yn 'e regel in histoaryske eftergrûn, mar de plot ynkorporearret dêrnjonken ek fantasy-eleminten, lykas tsjoenderij, magy, boppenatuerlike saken en/of it bestean fan mytyske wêzens (elfkes, feeën, reuzen, draken, kreaken, ensfh.). Histoaryske fantasy is ornaris yn de tiid foarôfgeande oan 'e tweintichste iuw pleatst, en yn 'e measte gefallen yn 'e Midsiuwen. Histoaryske fantasy dy't yn de twadde helte fan 'e tweintichste iuw spilet, wurdt faak ta in oar subsjenre rekkene, nammentlik dat fan 'e urban fantasy. As der yn histoaryske fantasy in protte technology foarkomt, benammen út 'e tiid fan 'e Yndustriële Revolúsje, dan oerlapet it mei steampunk, dat in subsjenre fan 'e science fiction is.
Yn 'e regel wurdt by histoaryske fantasy gebrûk makke fan trije oanpakken. Yn it foarste plak kinne magy, mytyske wêzens en it boppenatuerlike gearbestean mei de 'gewoane' wrâld sûnder dat de measte lju har der bewust fan binne. Dizze oanpak hat in protte skaaimerken gemien mei it subsjenre fan 'e geheime skiednis. Ek is it mooglik dat de skriuwer ymplisearret dat magy, ensfh. har tsjin 'e moderne tiid út de wrâld weromlutsen hawwe sille, wêrmei't de skiednis dus syn bekende ferrin wer oannimt. In foarbyld fan dizze oanpak is The Charwoman's Shadow, fan lord Dunsany, dat yn Spanje spilet, mar dermei einiget dat de tsjoender himsels en alle oare magy en mytyske wêzens út 'e wrâld ferwideret.
In twadde oanpak is dat de skriuwer in bekend punt yn 'e skiednis nimt en dêrwei in nij ferrin begjint te fantasearjen, sûnder dat er him derom bekroadet hokfoar gefolgen oft dat logyskerwize hawwe moatte soe foar it hjoed. Dizze oanpak komt tige ticht yn 'e buert of kin lykslein wurde mei it subsjenre fan de alternate history. In foarbyld hjirfan is de Small Change-trilogy fan Jo Walton, dy't in oare útkomst jout oan 'e Slach om Ingelân, yn 1940 (wêrby't Churchill ôfset wurdt en it nije, faksistyske regear fan Grut-Brittanje frede slút mei Hitler).
By in trêde oanpak fertelt de skriuwer syn ferhaal dan wol yn in optochte wrâld, mar fertoant dy wrâld safolle oerienkomsten mei de besteande, dat it oerdúdlik is wêr't er him op basearre hat. Foarbylden fan dizze oanpak binne de measte romans fan Guy Gavriel Kay, lykas A Song for Arbonne (basearre op 'e gouden iuw fan 'e Provâns), The Lions of Al-Rassan (basearre op it Midsiuwske Spanje), The Last Light of the Sun (basearre op it Angelsaksyske Ingelân fan Alfred de Grutte), The Sarantine Mosaic (in duology dy't basearre is op Konstantinopel en de bloei fan it Byzantynske Ryk) en Under Heaven (dat spilet yn in wrâld dy't analooch is oan 'e Tang-dynasty yn it achtste-iuwske Sina). De measte fantasy-auteurs dy't har eigen wrâlden in histoaryske grûnslach jouwe, meie lykwols graach geografyske eleminten en/of perioaden trochinoar smite. Sa bringt Jacqueline Carey yn har Kushiel's Legacy-rige it Midsiuwske Frankryk en de Italjaanske stêdsteaten út 'e Renêssânse gear mei it Germaanje en Kartago út 'e Klassike Aldheid en it Assyryske Ryk út in noch earder tiidrek.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |