Hurdfytsen is ien fan de sporten dy't op it program fan de Paralympyske Simmerspullen steane. De sport bestiet út twa dissipines baanhurdfytsen en dykhurdfytsen. De sport is tagonklik foar hurdfytsers mei in fisuele beheining, fytsers mei in harsensferlamming, amputaasje en fytsers mei in lichaamlike beheinings, bygelyks troch in dwerslesy of iepen rêch. Der wurdt gebrûk makke fan in racefyts -(twatsjiller), -trijetsjiller, tandem as in fêstframehânfyts.
De fytsers wurde klassifisearre ôfhinklik fan harren funksjonele mooglikheden, dit klassifikaasjesysteem makket it mooglik dat sporters mei inselde beheining, mei inoar stride kinne.
Tandems
Twatsjillers
Trijetsjillers
Hânfytsen
Tandems
Twatsjillers
Fytsers dy't net op in normale fyts fytse kinne yn ferbân mei ien as meardere amputaasjes fergroeiing, ferlamming as in harsesferlamming
Trijetsjillers
fytsers mei in harsesferlamming dy't dreech yn lykwicht bliuwe kinne en dêrom op in trijetsjiller fytse.
Hânfytsen
Fytser mei in beheining oan har fuoten. Sy fytse mei harren earmen, wêr't twa posysjes mooglik binne: lizzend as op 'e knibbels.
By de Paralympyske hurdfytse binne de standertrigels fan de hurdfytse fan tapassing.
It hurdfytsen stie yn 1984 op it programma, as demonstraasjesport. Yn 1988 stie it foar it earst echt op it programma allinne foar manlju. Fjouwer jier letter wiene de froulju ek wolkom en waarden der ek mingde ûnderdielen hâlden. De tandems diene yn 1992 foar it earst mei en fanôf 1996 stiet it baanhurdfytsen ek op it programma. De hânfytsers binne sûnt 2004 wolkom op de spullen.
Sport op de Paralympyske Simmerspullen | ||
---|---|---|
Hjoeddeiske sporten: Atletyk | Bankdrukken | Basketbal | Blinefuotbal | Boccia | Bôgesjitten | Follybal | Goalball | Hynstesport | Hurdfytsen | Judo | Roeien | Rugby | Sjitsport | Skermjen | Swimmen | Tafeltennis | Tennis | ||
Sporten út it ferline: CP-fuotbal | Dartchery | Gewichtheffen | Hurdsilen | Koersbal | Snooker | Wrakseljen | ||
· · |
Baanhurdfytsen op de Paralympyske Simmerspullen | ||
---|---|---|
Atlanta 1996 | Sydney 2000 | Atene 2004 | Peking 2008 | Londen 2012 | Rio de Janeiro 2016 | Tokio 2020 | Parys 2024 | Los Angeles 2028 | | ||
· · |