Hynstekeuring

In hynstekeuring is in ornaris op jierlikse basis holden en meastal publyk tagonklik barren, wêrby't jonge hynders beoardiele wurde troch in út saakkundigen besteande sjuery, mei it each op 'e seleksje foar it fokken en yn stân hâlden fan it oangeande hynsteras. It oantsjutting 'hynste-' yn 'hynstekeuring' kin yn dit ferbân sawol ferwize nei alle hynders fan in beskaat ras, as nei inkeld de hynsten. Yn it gefal fan it Keninklik Frysk Hynste Stamboek (KFHS) wurdt jiers bygelyks in aparte hynstekeuring en in aparte merjekeuring holden. De bedoeling fan sa'n keuring is om 'e meast gaadlike jonge hynders út te sykjen, dy't it bêste de sochte rasskaaimerken toane, sadat dêrmei trochfokt wurde kin.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: