Højer | ||
Tsjerke fan Højer | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Denemark | |
Regio | Súd-Denemark | |
Gemeente | Tønder | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.067 2023<L/small> | |
Oar | ||
Postkoade | 6280 Højer | |
Tiidsône | UTC+1 | |
Koördinaten | 54° 57' N 8° 41' E | |
Offisjele webside | ||
www.toender.dk | ||
Kaart | ||
Højer (Dútsk: Hoyer) is in lytse Deenske stêd yn it súden fan Jutlân mei 1076 ynwenners (2023). De stêd leit 9 km noardwestlik fan 'e grins fan Rudbøl, 27 km súdlik fan Skærbæk en 12 km west fan Tønder. De stêd heart by de gemeente Tønder en leit yn de regio Súd-Denemark. Tusken 1970 en 2006 wie Højer it haadplak fan de gemeente Højer.
Højer leit efter de dyk yn it kweldergebiet de Tøndermarsken oan de Waadsee. It plak leit yn ien fan de minst befolke gebieten fan it lân. It Marskstien-paad is in kuierpaad fan 54 kilometer en rint troch Højer, Rudbøl, Tønder en Møgeltønder.
Súdlik fan Højer rint it wetter fan 'e Vidå troch it kweldergebiet nei de Slús fan Højer, dêr't it yn it kanaal fan Højer útkomt en fierder by de Slús fan Vidå yn 'e Waadsee streamt. De lêste slús is ûnderdiel fan 'e dyk dy't yn 'e jierren 1979-1981 boud waard nei't de stoarmfloed fan 3 jannewaris 1976 de âlde dyk út 1861 drige te brekken.
Doe't Tønder de ferbining mei de see yn 'e 17e iuw ferlear, waard Højer in belangrike haven mei hannel nei Nederlân, Ingelân en it noarden fan 'e Dútske havens. Fee en lânbouprodukten waarden útfierd en koloniale produkten kamen werom. Dêrnjonken wie der ek fiskerij op oesters, dy't yn fetten nei Flensburch transportearre waarden en dêr as saneamde Flensburch-oesters waarden ferkocht.
It plak hie nochal lêst fan de boargerij fan Tønder, dy't Højer it rjocht om te hanneljen ûntstride woe, mar yn 1736 krige Højer offisjeel merkrjocht. Yn 1920 keas Højer der foar om in selsstannige gemeente te foarmjen en dat bleau sa oant de gemeentlike herfoarming fan 1970.
Yn 1825 besocht kening Freark VI it gebiet om de befolking nei de stoarmfloed fan dat jier op te moedigjen. Yn Højer betinkt in monumint mei noch in Dútsktalige tekst de besite fan 'e kening.
Sûnt de ôfrin fan 'e Twadde Dutsk-Deenske Kriich yn 1864 waard Højer by Sleeswyk-Holstein foege. Yn 1892 waard it spoar fan Tønder nei Højer oanlein. By de Slús fan Højer kaam it einstasjon, dêr't it steamskip in oanlisplak hie. De fearboaten nei Sylt wiene fansels ôfhinklik fan it waar en it tij. Om't de tiden net altiten betrouber wiene, waard it stasjon útwreide mei in houten gebou foar in restaurant en de mooglikheid om te oernachtsjen.
It stedsje waard nei it referindum yn Sleeswyk yn 1920 wer by Denemark foege, ek al hie in grutte mearderheid fan 536 stimmen tsjin 251 stimmen keazen foar Dútslân. Om't Sylt by Dútslân bleau hiene de Dútsers it spoar nei de Slús fan Højer noch nedich. Yn 1927 waard dat oerstallich mei't it ferkear nei Sylt oer in nije spoarline oer de Hindenburgdaam laat waard.
Oant 1946 hie it gemeentlike bestjoer noch in Dútsktalige mearderheid.
De Tsjerke fan Højer is in gebou út de 13e iuw, mar giet werom op likernôch 1100.
It riedshûs fan Højer stiet oan it Stedsplein (Torvet) en is in lyts reitdutsen gebou út 1803.
De mûne fan Højer is in restaurearre stellingmûne út 1857. Mei in hichte fan 22 meter heart de mûne ta de heechste mûnen yn syn soarte fan Noard-Europa. De mûne is in ûnderdiel fan it Museum Sønderjylland en der is in útstalling oer de Tøndermarsken ûnderbrocht.
Yn it plak binne in soad âlde hûzen en pleatsen fan de 18e iuw en de 19e iuw. Kiers Gaard is in reiddutsen pleats oan 'e Møllegade út 1760, mei in skiednis dy't werom giet op de 15e iuw. Lise's Hûs datearret fan 1708 en hat yn 'e tún in rekonstruearre put út 1807. Oan de Nørregade stiet in mânske hearepleats út 1760 mei in opfallende gevel en in reitdutsen tek.
De wettertoer fan it plak waard yn 1934 boud.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Deensktalige Wikipedyside, foar boarnen en/of literatuer sjoch: da:Højer.
|