In see fan stilte

In see fan stilte, yn it oarspronklike Frânsk: Le silence de la mer, is in novelle fan Vercors, yn 1942 illegaal útjûn troch Les Editions de Minuit yn (Parys). It boek wie dêrmei net allinnich in ferhaal oer ferset, mar ek in ferhaal tròch it ferset. De Fryske oersetting troch Piter van der Veen waard yn 2012 útbrocht by Utjouwerij Elikser.

In âldere Frânsman en syn sibdochter wurde opseadele mei de Dútske ofsier Werner von Ebrennac, komponist fan berop en in leafhawwer fan'e Frânske kultuer. De Frânsen binne net fan doel sels mar it wurd te wikseljen mei de Dútsker. Stadichoan docht bliken dat er dreamt fan it gearkommen fan Frânske en Dútske kultuer. At er fernimt dat oare Dútsers krekt de ferneatiging fan de Frânske kultuer wolle, set er yn stee dêrfan ôf nei it Eastfront. By it ôfskie sprekt de Fransêze doch tsjin him, en winsket him: Adieu.

Yn it Frânsk waard Le silence de la mer yn 1999 opnaam yn Le Monde's 100 boeken fan de iuw.

Dit artikel is in stobbe oer literatuer.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.