Ingelske gotyk

Westminster Hall, ôfbylde yn 1808
Katedraal fan Hereford (1079-1140)

De Ingelske gotyk is in fariant fan de gotyk dy't him frij selsstannich ûntjûn hat út it Frânske foarbyld.
Tradisjoneel wurde trije perioaden ûnderskieden:

  • de Ier Ingelske (Early English) oant om 1275
  • Fersierd (Decorated), ein 13e, begjin 14e iuw
  • Heakske of kantige styl (Perpendicular of Rectilinear) oant yn de 16e iuw

Dy termen waarden foar it earst brûkt yn de iere 19e iuw troch Thomas Rickman yn syn wurk Attempt to Discriminate the Style of Architecture in England. It ûnderskied tusken de perioaden is goed te sjen yn de dekoraasje fan de spitse finsters dy't tekenjend foar de gotyk binne. Fanwegen de lange bouwtiden fan in protte tsjerken en abdijen is dy yndieling lykwols net samar op bouwurken as gehiel, dy't eleminten út ferskate perioaden hawwe kinne, ta te passen.

Yn de Ier Ingelske perioade wienen de spitsbôgefinsters betreklik smel en heech, mei mar in bytsje of gjin trasearring (maaswurk). Yn it Decorated waarden de finsters breder en krigen se hieltiten mear dekorativere trasearringen. Der wurdt yn it Decorated ûnderskied makke tusken de geometryske perioade (geometrical period) en de Bochtige perioade (curvilinear period). By de earste wurdt foaral gebrûk makke fan sirkels foar de trasearring yn it boppeste part fan de finsters. De curvilinear period brûkt bredere finsters en in frijere ynfolling fan de fersiering mei floeiende linen. It Perpendicular lei meast de klam op fertikale linen, net allinne yn de finstertrasearringen, mar ek yn de foarmen fan de bouwurken sels. Ek it waaierferwulft is typearjend foar dizze spesifyk Ingelske styl.

De ierste grutskalige tapassingen fan goatyske arsjitektuer yn Ingelân binne de katedraal fan Canterbury en de Abdij fan Westminster (Westminster Abbey). In protte skaaimerken fan de goatyske arsjitektuer binne op in natuerlike wize út de Romaanske arsjitektuer (yn Ingelân faak Normandyske arsjitektuer neamd) fuortkaam. Dy evolúsje is foaral te sjen yn de Normandyske katedraal fan Durham, dy't it betiidste puntige ribbele hege ferwulft hat dat bekend is.

In protte fan de grutste en moaiste wurken fan de Ingelske arsjitektuer, benammen de midsiuwske katedralen fan Ingelân, binne foar it grutste part boud yn de goatyske styl. Ek kastielen, paleizen, grutte huzen, universiteiten en in soad lytsere pretinsjeleaze sekuliere gebouwen, lykas hofkes en hannelshallen, binne yn de styl boud. In oare wichtige groep fan goatyske gebouwen yn Ingelân binne de parochytsjerken, dy't, krekt as de midsiuwske katedralen, faak al yn de Normandyske tiid stichte binne.

De goatyske boustyl moast ek yn Ingelân romte meitsje foar de renêsânsyske yn de 16e en 17e iuw, mar kaam ein 18e iuw ta nij libben as in akademyske styl en waard populêr as Gothic Revival-arsjitektuer yn de 19e iuw (sjoch neogotyk).

Foarbylden fan Ingelske gotyk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. http://www.victorianweb.org/art/architecture/gothic/earlyenglish.html
  2. http://www.lookingatbuildings.org.uk/styles/medieval/walls-and-windows/gothic-windows-and-tracery/early-english-tracery.html
  3. http://www.lookingatbuildings.org.uk/styles/medieval/walls-and-windows/gothic-windows-and-tracery/geometric-tracery.html