In inside joke (ek stavere as insidejoke of inside-joke), privee-grap of in-joke is in grap wêrfan't de humor inkeld ynsjoen wurde kin as men oer in beskate mjitte fan foarkennis oer it ûnderwerp beskikt. Men moat dan bgl. lid wêze fan in beskate maatskiplike klasse of in beskate beropsgroep of men moat in beskate leafhawwerij gemien hawwe. Immen dy't gjin diel útmakket fan sa'n groep, sil by it hearren fan 'e grap net op 'e juste wize reägearje, bgl. troch net te laitsjen, en wurdt bûtensletten as oaren de grap wól hilarysk fine.
In foarbyld fan in inside joke is:
Heisenberg wurdt oanholden troch de plysje om't er te hurd riidt. De plysjeman byt him ta: "Witte jo wol hoe hurd jo rieden?!" Heisenberg antwurdet: "Nee, mar ik wit wol presiis wêr't ik bin."
Dizze mop ferwiist nei de ûnwissichheidsrelaasje fan Heisenberg, dy't oanjout dat yn 'e kwantummeganika plak en ympuls (oftewol faasje) net tagelyk fêststeld wurde kinne. Men kin it iene bepale, of it oare, mar net beide tagelyk. De mop is lykwols folslein ûnbegryplik foar lju dy't neat fan natuerkunde ôfwitte.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |